Mefrou Esser (PvdA): Sy sjocht yn de ynformaasje hiel dúdlik dat de milenniumgemeenten earst in stap sette en dat men dan letter ta in fierdere útwurking komt. It is ek samar 2010. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA zou graag uitgewerkte voorstellen willen zien. Mefrou Veldstra (FNP): Is it dêrmei iens. De hear Bouma (VVD): Tinkt der ek sa oer. De hear Hemminga (GB): Slút him dêrby oan. De hear Zijlstra (CDA): It giet neffens de wethâlder om in gedrachsline. Syn advys is om de moasje yn stimming te bringen. De hear Looijenga (CDA): Hy wol de moasje weromldke. Hy wiist derop dat men op en doer dochs mei in belied komme moat. Hy sil letter op in oare wize op de saak weromkomme. 4.4 Foarstel oangeande "schaduwarchieven" De hear Bouma (VVD): It is logysk dat it argyf op oarder komme moat, mar oer de wize wêrop ferskilt de VVD fan miening. De amtners kinne seis in stik wurk dwaan en dêrmei besparret men in stik jild. Mefrou Veldstra (FNP): Men kaam nei de nota oer de skaadargiven ta de konklúzje dat it falen by de amtlike organisaasje lei. De himmeldei fan 2001 hat net it winske resultaat hân. Der is ûn- foldwaande omtinken jûn oan de goede ôfhanneling fan stikken. By de liedingjaanden en it MT leit de ferantwurding. It giet hjir oer it papieren skaadargyf, mar sy is ek benijd oft de digitale ar- given op dit stuit by de tiid hâlden wurde. De FNP fynt it bedrach fan 75.000 euro te heech. Men soe it ta de helte werombringe moatte. De amtners kinne seis in part dwaan en men kin wurklea- zen út de eigen gemeente ynsette. De FNP tsjinnet dêrta in moasje yn. Sy lést de moasje foar. De ried fan de Gemeente Boarnsterhim, yn gearkomste byien op woansdei 15 oktober 2008: Is fan miening dat it beskikbere kredyt, neamd by kêst 3 fan it riedsútstel fan likernôch €75.150,- exkl. btw fiersten te heech is om it archyf wer op it gleed te bringen, sjoen de minne finansjele posysje fan de Gemeente Boarnsterhim. Fersiket it kolleezje op syn minst it bedrach, foar de 1e fase ta de helte wer werom te brin gen, troch de ynset fan it eigen personiel mei op nij in himmeldei te organisearjen en mooglik mei de ynset fan langdurige wurkleazen út de Gemeente Boarnsterhim. En giet oer ta de oarder fan 'e dei. De hear Bouma (VVD): Is it wurk der wol geskikt foar dat wurkleazen deroan meiwurkje? Mefrou Veldstra (FNP): It giet om wurkleazen út de gemeente. Dêr sitte minsken by dy't ûnderfi- ning mei dit wurk hawwe. De hear Hemminga (GB): It heart hiel aardich, mar men hat fan it kolleezje heard dat it tige spes- jalistysk wurk wie en hy kin dan ek net beoardiele oft it foar dat jild kin. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 15 oktober 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 25