positief van aard dat het college met de plannen van de realisatie van de brede school wil door gaan. De plannen en het definitieve besluit zullen op termijn aan de raad voorgelegd worden. 2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan de einrapportaazje subsidiabele part Klassieke Sche penhaven Terherne De hear Hemminga (GB): Der wurdt allinne in skôging jûn oer bygelyks de fte's dy't dermei an- neks binne. De finansjele ferantwurding komt noch. Der is in trochferkeap fan in havenkade. Der wie dochs yn de oerienkomst mei SSN in termyn fan 10 jier fêstlein ear't men fierder ferkeapje mocht? Hoe sit dat? De hear Zijlstra (CDA): It is moai dat men no in punt sette kin achter dit projekt. It is in moaie ynvestearring foar de lokale ekonomy. Wethâlder De Vries: Der komt noch in kontrôle op de boeken en de sifers. Der is betrouwen dat de beëage effekten ek helle wurde sille. Hy wol de fraach fan de hear Hemminga graach skriftlik beäntwurdzje. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant 3.5 De hear Aslam sprekt yn op 3.2. Sjoch bylage. De hear Elderenbos sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. 3.2 Begrutting2009: - Yn te stimmen mei de foarstellen yn de oanbiedingsbrief (finansjeel mearjierreperspektyf en maatregels finansjeel herstel) - Foarstel om fêst te stellen de programmabegrutting 2009 en de belestingferoardering De foarsitter: Zij schetst in het kort de wijze waarop dit punt behandeld zal worden. Aan de spreektijd wordt deze keer niet stringent vastgehouden. Na de inbreng van de raad krijgt het col lege tijdens een schorsing even de tijd om zich op de antwoorden te beraden. In overleg met de vice-voorzitter is besloten dat zij dit agendapunt geheel zal voorzitten; eventuele vragen betref fende haar portefeuille zullen door de heer Meulenbelt of Heeringa beantwoord worden. De hear De Visser (PvdA): De oanbiedingsbrief begjint mei de stelling 'In nije takomst'. It omtin- ken foar de jongeren en it sosjaal wolwêzen sprekt de PvdA tige oan. Der binne nochal in tal pm- posten yn de mearjierrerûzing. It gat is sa djip dat it tige lestich wêze sil om de kommende jierren mei it jild út te kommen. Takom jier wol it kolleezje sjen nei in eventueel bestjoerlike gearwurking mei oare gemeenten. It is yndied net reëel om dêr noch 4 jier mei te wachtsjen. De akkres sil nei 2009 aardich leger wêze, mar it finansjeel tekoart sil wol weromrinne. De ge- meentlike risiko's kinne neffens it foarstel better ynskatten wurde. It winske nivo fan de algemie- ne reserve sil foar 2012 2,5 miljoen wêze. Hoe sit it mei de risiko's foar de gemeente en hoe hurd is de 4 miljoen foar Grou-Noard? De begrutting. Op side 17 en 18 wurdt foarsteld om mei de 'dorpsschouwen' fierder te gean. De beheining ta 10 punten liket him net op syn plak. Oangeande it ûnderhâldsplan foar de begraafplakken: De provinsje wiist de krediten óf. Wat moat der dan noch oan taheakke wurde? De miljeustrjitte soe ferbettere wurde moatte, mar der is gjin jild foar. Bestiet it risiko dat de ta- sichthâlder de saak slút en dat men eame oars mei it smoargens hinne moat? It soe moai wêze as men it troch ferkeap fan de grûn kostenneutraal realisearje kin. Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 28 oktober 2008/odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13