Neffens waarstaatjegemeente.nl soe der gjin bedriuweterrein mear beskikber wêze. Dat is net befoarderlik foar de ferkeap. Foar de ôfkeppeling fan it reinwetter stiet in bedrach fan goed 3 ton. Foar de KRW moat it foar 2015 útfierd wêze. Kin men it net útstelle en kin men net in bestimmingsreserve kreëarje? De ekstra brêgebetsjinning kostet 49.000 euro en as de provinsje dat perfoarst wol dan soe de provinsje dat ek betelje moatte. Bedriuweterrein Frisia hat de status fan wetterbûn yndustryterrein. Soe men dy kwalifikaasje der net better ôfhelje kinne om mear grûn ferkeapje te kinnen? De toeristebelesting sil net wizige wurde. By de diskusje oer it fytspaad koe dat doedestiids net fanwegen te min tiid foar de ündemimmers. Dy motivaasje soe no ek jilde moatte. Mar as men fan de 0,75 no 0,85 makket dan sil der neffens him net ien toerist minder nei Boarnsterhim komme. Wêrom moat de gemeente foar de Joast Halbertsma-priis it hiele bedrach, 5.000 euro, betelje? It is ommers in provinsjale priis. De riedsleden kinne neffens him wol fergees op it stimburo sitte. Ombûgings. De leezjes binne net kostendekkend neffens it stik. Wêrom net, want dat wie dochs wol de ôfspraak? De doarpswachten soene bliuwe moatte en dy soe men finansiere moatte út it wurkdiel fan de WWB. It is net dúdlik oft it âldereinwurk ophâldt. It soe net ferstannich wêze om it no óf te bou wen omdat der hyltyd mear âlderen komme. Hoe sjocht de wethêlder oan tsjin de wurden fan de ynsprekker? De bestriding fan Ongedierte soe men kostendekkend meitsje moatte of oan de merk oerlitte moatte. Wat foar konsekwinsjes hat de besuniging fan it Sintrum foar de Keunsten yn it ramt fan de partisipaasje fan it Sintrum foar de Keunsten yn de brede skoallen? As men oeral yn de gemeente led-ferljochting brûke soe dan besuniget men 2 ton. Wêrom soe men dat net dwaan? Is der troch de ferheging fan de tariven by de Burdpont net mear te heljen? As men besunigje wol by de WMO en de helpmiddels soe dat net fan gefolgen hawwe dat der faker in berop op de bysûndere bystân dien wurdt? Wat binne de gefolgen fan it ófbouwen fan it maatskiplik wurk? Wurdt it Sosjaal Team der ek út betelle? En hoe ferhâldt it him mei de passaazje út de oanbiedingsbrief 'een schild kunnen bieden voor de zwakken in onze samenleving achten wij eveneens van het grootste belang'? Kin de âlderbydrage oan it learlingeferfier ek ynkommensófhinklik wurde? Soe der earst net in evaluaasje mei Doarpsbehear plakfine kinne ear't men ta besunigings beslút? Kommunikaasje is it heale Doarpsbehear. De PvdA-fraksje sil har uterste bést dwaan om de ferheging fan de ozb sa leech mooglik útfalle te litten. Wêrom is de toeristebelesting net mear ferhege? De hear Bouma (VVD): De begrutting slút mei in posityf saldo, mar in tal saken binne net mein- ommen. Troch de pm-posten slút de begrutting net. Foar de VVD is de begrutting in 'gatenkaas'. Der wurdt no fan útgien dat men yn 201 2 wer út de reade sifers is. Der binne gjin reserves yn it grûnbedriuw en de marzjes binne marzjinaal. Der sit neffens syn be- rekkening no in winst op fan sa'n heal miljoen en it troch it kolleezje neamde bedrach fan 4 mil joen liket him dan ek net reëel. De ófboeking fan de brede skoalle is net op sifers set. Men wit net wat de hichte fan de ófskriuwings wêze sil. It kolleezje wol in stelpost fan in miljoen. Yn 2007 is in prognoaze makke en doe kaam men út op in bedrach fan 3,2 miljoen eksklusyf it rioel. Der siet yn 2007 al in tekoart op fan 2 miljoen en hy snapt net krekt hoe't hy de ófwikings beoardiele moat. Graach mear helderheid dêroer. De oandacht foar de jeugd en de sosjale struktuer binne op himsels tige posityf. Mar der is gjin jild foar plannen op dat mêd. De begrutting jout mar ien rjochting oan en dat is besunigje. Men soe eins de posysje fan it Sintrum foar de Keunsten net oantaaste moatte want dat soe te'n kos te fan de leefberheid gean. It fytspaad wurdt net útfierd. De VVD hâldt it kolleezje oangeande de Pagina 11 1 03 Ferslach riedsgearkomste 28 oktober 2008/odab/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 14