brede skoallen oan in goed plan. De learplicht kin net mear betelle wurde en de werstrukturear- ring liket no op 'e lange baan skood te wurden. De lesten binne neffens ferskillende ûndersiken yn Boarnsterhim al tige heech en dy soenen eins net tanimme moatte. Der binne in tal risiko's. Der binne marzjnale winsten op de bedriuweterreinen. Hoe kin it kolleezje de opbringst fan sa'n 4 miljoen realisearje? Op termyn soe it no weilitten fan de bydrage fan de 5.000 euro foar Flechtelingewurk wolris me ar jild kostje kinne. Foar de ferkiezings kin men op it stimburo ek wol wurkleazen ynsette. Hy wachtet in goede Onderbouwing fan it ferhaal fan de led-ferljochting óf. Mefrou Veldstra (FNP): Der stie in moaie gearfetting yn Op 'e Hichte. De begrutting 2009 lit in posityf saldo sjen, der komt in finansjeel herstelplan.lt kolleezje wol de ozb mei 7,5% ferheegje. Dat kin neffens de FNP net. Foarich jier is der al 20% bykommen. De FNP sil besykje mei in dek king dêrfoar te kommen. Yn 2012 moat men neffens it kolleezje út de reade sifers wêze. Hoe sit it dan mei de risiko's? Ynstellings en ferienings binne al oer besunigings oanskreaun. Flechtlingewurk wurdt eins allinne rund troch frijwilligers en dêr soe men gjin 5.000 euro op besunigje moatte. Datselde jildt foar it senioarewurk. De foarstellen binne foar de FNP fierstente summier. Men wol graach in folsleir ferhaal hawwe. Der hienen mear saken yn stean kinnen. Wat hat de gearwurking mei Ljouwert oan finânsjes en personiele ynset oant no ta opsmiten? De FNP is net fuortdaliks foar in weryn- dieling. Gearwurking mei oare gemeenten kin men net dwaan sûnder de boargers derby te belû- ken. De FNP soe eventueel in referindum by de ferkiezings foar it Europeeske Parlemint hâlde wolle. Der sitte faak frijwilligers op it stimburo en dy soenen neffens har dy 50 euro wol hâlde kinne. De FNP stimt net yn mei it foarstel dat men binnen 4 jier gjin beslút nimme kin oer it fytspaad. Wurdt de subsydzje dan wol feilich steld? Der is fanút Den Haach in mobiliteitsplan. Is it kolleezje ek fan doel oangeande allang winske fytspaden foarstellen dêrta te Onderbouwen? Komt der noch in produktbegrutting op besjen? Binne de suggestjes fan gemeenteraad.nl ek by it kolleezje troch- krongen? Hoe sjocht it kolleezje de ynteraktive beslútfoarming? Hat it digitale loket ek konse- kwinsjes foar it personiel? It yntegrale feilichheidsbelied wurdt no wer útsteld. It kolleezje hat in yntinsjeferklearring oer in alkoholbelied foar de jeugd Ondertekene. Kin men dêr yn de ried wat mear ynformaasje oer krije? Men krijt regelmjittich in skriuwen fan de tafersjochhâlder oer saken dy't wol of net akseptearre wurde. Der stiet wat yn oer in ekstra ympuls foar Jeugd en Gezin en wat oer de earmoedebe- striding. As men dat net dwaan mei fan de provinsje hoe wol men dan de neamde idealen reali searje? Sy fynt it ferhaal oer de papierkonteners ek net werom. It opstellen fan it GVVP sil men útbesteegje. Kin dat fan de 20.000 euro betelle wurde? Hoefolle fte's wurde der oan kommuni- kaasje bestege? Sy tinkt dat de kosten foar de Joast Halbertsma-priis folie heger binne as 5.000 euro. Dy priis moat men foar Grou behâlde en men moat der dan ek jild foar oer hawwe. De hear De Visser (PvdA): Hy wiist derop dat er bliid is dat it kolleezje sein hat dat men oare mai- tiid komme wol mei in fisy op de bestjoerlike takomst. De hear Zijlstra (CDA): De kompliminten foar de opstelling fan de begrutting. It is spesifyk sk- reaun op it kommende jier. Men moat sjen om ûnder it tafersjoch fan de provinsje wei te kom men. Dit is de earste stap en takom maitiid komt de twadde stap. Der is soms ek sprake fan rea- listysker sjen nei bepaalde bedraggen sa't dy yn it ferline opnommen binne yn de begrutting. Yn 2011 moat der in Centrum voor Jeugd en Gezin komme en dêr komme middelen foar. Men kin guon saken oaninoar keppelje en sa mei minder jild dochs deselde kwaliteit biede. De bedriuwekontaktdagen binne in foarbyld hoe't in opset fan de gemeente posityf útwurket. No't dat goed rint, soe de gemeente har dêr wol út weromlûke kinne. De Stichting Welzijn Leeuwarden biedt tsjinsten oan dêr't de gemeente gebrûk fan meitsje kin. De nije wize fan wurkjen is saakliker. Miskien kin de ófbouregeling wat flotter ferinne. Pagina 12 1 03 Ferslach riedsgearkomste 28 oktober 2008/odab/1 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 15