By maatskiplik wurk jildt yn wêzen itselde ferhaal. It kontrakt ferrint yn 2010 en dan kin men de besparring opnimme yn 2010. Yn 2011 komt it Centrum voor Jeugd en Gezin en moatte der middelen komme om dat te finansieren. It spyt it CDA dat der foar it godtsjinstûnderwiis en libbensskôgjend ûnderwiis gjin bydrage mear is, mar de skoallen kinne it fansels noch wol oanbiede. De hear Hemminga (GB): Hy wol him beheine ta wat algemiene opmerkings. Is de begrutting sk- reaun om te foldwaan oan de easken fan de provinsje? It doel soe wêze moatte dat de lesten foar de boarger sa leech mooglik binne en dat soe betsjutte dat men yn eigen fleis snije moat. Yn de begruttingsscan stiet dat de wenlesten yn Boarnsterhim gemiddeld 60 euro boppe ferlykbere ge meenten lizze. Dy ferskillen wurde troch de foarstelde begrutting allinne mar grutter. Hy neamt foarbylden fan saken dêr't al jierren neat oan dien is lykas de miljeustrjitte, ûnderhâld sportterreinen, ferselsstanniging BOBOP. De lesten wurde sa nei de takomst ferskood en dan is men der yn 2012 noch lang net. It kolleezje moat mear nei de eigen bedriuwsfiering sjen. Der binne fakatueres en as men echt besunigje wol dan leit krekt dêr in kans. De ombûgings binne mear ferhegings fan tariven ynstee fan it snijen yn útjeften. GB is hiel benijd hoe't it kolleezje de ekstra ombûging fan 1,1 miljoen it jier besjocht. De begrutting hâldt fierstente folie risiko's yn. Priisferheging liedt net direkt ta bettere tsjinstferliening. De foarsitter: Schorst de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Van der Meulen. Wethâlder Van der Meulen: Der sille saken ombûgd wurde moatte, mar in oerheid moat oars wurkje as in bedriuw. It kolleezje besiket de balâns te finen. Men docht wat oan de lestekant en de opbringstekant. As men net ekstra jild fuor guon saken freget dan soe men noch fierder yn de útjeften snije moatte. Hy fynt dat de balans yn it pakket net fersteurd wurde moat. It earste besunigingspakket is stevich, mar takom jier sil der nochris goed 1 miljoen besunige wurde moat te. De gemeente sil sjen moatte wêr't men oer 4 jier bestjoerlik stean wol. Wat kin men noch foar de mienskip betsjutte en hoe kin men dat op de meast ferantwurde wize dwaan? De pm-posten sille takom jier helderder yn byld wêze en de behearsplannen moatte takom maaiti jd ek klear wêze. De hear Van der Woude (PvdA): De diskusje oer de twadde trâns fan de besunigings soe men dus dan fiere moatte yn it ramt fan de diskusje oer de bestjoerlike takomst? Wethâlder Van der Meulen: Men kin soks net dwaan sûnder dat men dêr each foar hat, want dy komponint is fan ynfloed op de bedriuwsfiering. It is net in puer finansjeel ferhaal mar dochs bin ne de finânsjes tige wichtich. De lucht is no absolút út de begrutting. As de ried saken út it pakket helje wol dan wurdt de ba- lâns fersteurd want dan moat men op oare plakken wer romte fine. It kolleezje wol wat hoeden omgean mei de opbringsten fan de septimbersirkulêre, want men wit net altyd yn it foar hoe't takomstige maatregels fan it Ryk útfalle. Yn de maitiidsnota kin men better ôfwage hoe't men dy middelen ynsette kin. Yn 2009 moat de diskusje oer de risiko's en de hichte fan de reserve fierd wurde. It is net mooglik om alle winsken fan de doarpen op koarte termyn te honorearjen en mei 10 pun ten kinne de doarpen seis in prioritearing oanjaan. Men moat oan de slach mei in fierdere Onderbouwing fan it plan fan ûnderhâld fan de begraaf- plakken. Hy seit ta dat men foar de ein fan it jier in diskusje hawwe sil yn wat foar rjochting men gean moat mei de miljeustrjitte. It foarstel oer de wurkwize fan it GRP jout neffens him gjin soe laas. It is lestich om de leezjes altyd kostendekkend te meitsjen. Hy soe dat noch wol skriftlik tal- Pagina 13 1 03 Ferslach riedsgedrkomste 28 oktober 2008/odab/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 16