dêr in stokje foar stutsen omdat it in boppewetlike taak wêze soe. Dat sil op dat mêd faker barre en dat foarmet in spanningsfjild. Sa kin men spitigernôch gjin gebrûk fan dy ekstra middelen meitsje. Wethâlder De Vries: De leefberheid is tige wichtich foar de mienskip. De opbringst fan 4 miljoen foar it grûnbedriuw is basearre op sinjalen út de merk. De bedriuweterreinen steane net op nul en hy sil der de oare deis fuortdaliks achteroan. De ferkeap mei wol wat mear opbringe as de kos tendekkendheid. It kolleezje sjocht ek yn bestimmingstechnyske sin nei de posysje fan Frisia. De hear Van der Sluis (VVD); Dat hat in wetterbûne bestimming en dat is neffens him in foech fan de provinsje. Wethâlder De Vries: Hy hat sinjalen dat men dêr wol wat romte hat. It stik oer de brêgebetsjin- ningstiden is wat betiizjend en dat sil fierder skriftlik ferdúdlike wurde. Hy wol noch wolris mei it kolleezje de ferheging fan 0.10 euro fan de toeristebelesting beprate. Neffens it kolleezje hat de besuniging op it Sintrum foar de Keunsten gjin effekt op de partisipaasje yn de brede skoalle. Men kin net yn ien kear alles ôfbouwe. Men moat fêststelle wat men as prestaasje belangryk fynt en hoe't men in fatsoenlik pakket oereinhâlde kin. De gemeente betellet 5.000 euro (ien kear yn de trije jier) foar de Joast Halbertsma-priis en de provinsje draacht de oare helte by. De hear De Visser (PvdA): Der stiet dat de gemeente foar de Joast Halbertsma-priis 5.000 euro betellet en dan kostet it dus 10.000 euro. Wêrom net in oare ferhâlding? De hear Bouma (VVD): It is neffens him net in wetlike taak en dan soe de provinsje wol foar 100% bydrage kinne. Wethâlder De Vries: Hy sil it punt fan in oare ferdieling nochris yn him omgean litte. By de bedri- uwekontaktdagen hat de gemeente in fasilitearende taak. Men wol mear oan it bedriuwslibben oerlitte, mar de gemeente soe har der net alhiel út weromlûke moatte. De foarsitter: Zij stelt vast dat de wethouders de vragen uit haar portefeuille voldoende beant woord hebben. Wethâlder Van der Meulen: Hy wol noch in taljochting jaan op de bedriuwsfiering en de formaas- je. De gemeente sit kwa formaasje hielendal net sa rom yn har jaske. It giet it kolleezje te fier om eventuele meifallers op foarhân yn te boeken, want it hat út it ferline bliken dien dat soks hiel lestich te realisearjen is. Der sitte dan neffens him net te folie gatten yn de begrutting. De saak is goed yn balâns. Twadde termyn De hear De Visser (PvdA): De ôfkeppeling fan it reinwetter kin men in jier lang útstelle en dat biedt wol deeglik in rintefoardiel. Kin men ek mei precariorjochten wat dwaan yn de twadde trâns? De hear Hemminga (GB): Der wie neffens it besprek yn de auditkommisje romte yn de formaasje. Dat is in earste kâns op besuniging en dan hoecht men dy net yn te foljen. Datselde jildt foar it Sintrum foar de Keunsten. It weromgean nei twa wethâlders fynt er in aardige suggestje. Hy slút him by de opmerkingen fan de PvdA oan oer de suniger ferljochting. Takom jier sil de bestjoerlike posysje yn de diskusje komme. Men moat dan wol mei in goede foarljochting nei de befolking takomme. Men kin der yndied net te lang mear mei wachtsje. Pagina 15 1 03 Ferslach riedsgearkomste 28 oktober 2008/odab/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 18