De hear Bouma (VVD): De ried hat yn it ferline al in útspraak oer de miljeustrjitte dien (it soe nei Frisia). Kwa bestimmingsplan soe it dêr sûnder mear goed passé. As de gemeente har wat better profilearje wol as ûndernimmersfreonlike gemeente moat men de bydrage oan de bedriuwekon- taktdagen net ynlûke. Men soe ek op in oare wize omgean kinne mei it tastean fan in wente by in bedriuw. De troch de wethâlder neamde sinjalen út de merk oangeande Grou-Noard soenen wol wat mear Onderbouwing krije moatte. Men moat ommers wol reële sifers hawwe om in goed oardiel oer de finânsjes jaan te kinnen. Mefrou Veldstra (FNP): Is it bekend wat de bedriuwekontaktdagen opsmite foar de gemeente? Wat smyt de gearwurking mei Ljouwert no krekt op? Is de subsydzje foar it fytspaad no feilich steld? Wat fynt it kolleezje fan in referindum oer de bestjoerlike gearwurking? Men soe dochs On- derboude plannnen foar fytspaden yn it ramt fan it mobiliteitsplan oan de steatssekretaris foarliz- ze moatte. De hear Zijlstra (CDA): Hy wol noch wol in taljochting oangeande de artikel 12 status as men de ozb net ferheegje soe. Wethâlder Van der Meulen: Hy wiist derop dat de mooglikheden foar precario hyltyd mear be- heind wurde. Mefrou Dekker (PvdA): It giet dan benammen oer Grou en Akkrum. Winkels en bedriuwen brûke der soms in grut stik gemeentegrûn en dêr soe men foar betelje moatte. Wethâlder Van der Meulen: Der is neffens him net in protte jild te heljen. Foar kabels en liedings mei men it net mear tapasse. Der moat foar de ûndernimmers ek noch wat oan har aktiviteiten te fertsjinjen wêze. Men sil dêroer mei de ried kommunisearje. Mefrou Dekker (PvdA): Wat bedoelt de wethâlder konkreet mei dy kommunikaasje mei de ried dê roer? Wethâlder Van der Meulen: Dat men mei in foarstel komt. Op guon plakken soe men mei wat minder Ijocht takinne en op oare plakken soe der wat mear Ijocht wêze moatte. De hear Zijlstra (CDA): Kin men samar alle ferljochting ferfange troch led-ferljochting? Kin de pro- vinsje dêryn meigean? Wethâlder Van der Meulen: As it dúdlik is dat men deroan fertsjinnet dan liket it him gjin pro bleem. It kolleezje sil sa gau mooglik mei in foarstel oer Frisia nei de ried komme. Foar in fytspaad moat der neffens him altyd jild fan de gemeente by en dat sit der no net yn. Hy soe dan ek gjin ekstra enerzjy yn stekke wolle yn it foarlizzen fan plannen foar fytspaden yn it ramt fan it mobiliteitsplan. Mefrou Veldstra (FNP): It plan foar it fytspaad leit der al en dat kostet gjin ekstra enerzjy. Wethâlder Van der Meulen: Hy tinkt der wat oars oer, mar sil dernei sjen. De ferheging fan 7.5% foar de ozb is neffens him yn balâns mei de besunigings. De hear Van der Woude (PvdA): Hat men de ozb foarich jier wol mei 20% (opmerking FNP) fer- hege? Wie it net sa'n 12%? De hear Zijlstra (CDA): Is men bewust op it nivo fan de artikel 12 status sitten gien? Pagina 16 1 03 Ferslach riedsqearkomste 28 oktober 2008/odab/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 19