By dit punt nimt de hear Hemminga it foarsitterskip oer. Mefrou Veldstra (FNP): Earder is de post skrast. It is op himsels in hiel goede saak dat men it pro- fesjoneel oanpakt. Mei de digitale oanlevering fan gegevens soe it wolris wat minder drok wurde kinne oan de baly. Troch in misferstân is it systeem al oanskaft en dêr hat de FNP-fraksje in prot- te muoite mei. De hear De Jong (PvdA): Het is inderdaad niet op de juiste wijze gegaan, maar er is wel in de lijn van de raad gehandeld. De PvdA steunt het voorstel. De hear Bouma (VVD): Tinkt der ek sa oer. Mar wat as der gjin budzjet west hie? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Het systeem werkt al en voldoet goed. Het is inder daad niet via de Koninklijke weg gebeurd. Het voorstel kwam naar het college met een dekking vanuit bestaande middelen en daarmee hoefde het niet aan de raad voorgelegd te worden. De af deling financiën heeft er toen nog eens naar gekeken en geconcludeerd dat het toch naar de raad moest omdat het extra geld kostte. Op basis van het eerdere besluit van het college was het pakket al besteld. Het ligt wel in de lijn van de eerdere doorkijk. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.5 Foarstel om fêst te stellen de Reactie Begrotingsscan 2008 Mefrou Dekker (PvdA): Sy hat in tal moannen lyn kontakt hân mei de fraksjefoarsitter fan de Pv dA yn de Twadde Keamer. Men wie ree om 2 amtners nei de gemeente te stjoeren, mar der moast earst in scan komme en dy is der no. De hear Hemminga (GB): Men hie leaver in konkreter foarstel hawwe wollen. Hy nimt oan dat der noch in ferfolch op komt. De hear Bouma (VVD): Hy slút him dêrby oan. Moat men troch de ferkeap fan camping Tusken de Marren it stik net oanpasse? Mefrou Veldstra (FNP): Yn de auditkommisje hat men al opmurken dat it noch frijbluwend is en dat der noch in ferfolch komme moat. Sy hie ek de de fraach oer de opbringst fan Tusken de Marren. Der wurde nochal gauris eksterne buro's neamd foar ûndersyk. Neffens de konklúzje kin men blykber noch alle kanten út by bepaalde projekten omdat dêr it foarbehâld makke wurdt oft it wol ta in wetlike taak heart. De hear Zijlstra (CDA): It CDA tinkt dat dit wol de reaksje wêze moat op de begruttingsscan. Wethâlder Van der Meulen: Men hat ynkoarten wer in petear mei BZK en dan sil men de tasizzing wer foarlizze. De opmerkingen yn de auditkommisje binne werhelle. Neffens him stiet it stik oer it Fryske Marreprojekt der goed yn en hoecht it datoangeande net oanpast te wurden. Hy tinkt dat de konklúzje de saken goed werjout, mar dat dy net ynhâldt dat men noch alle kanten út kin. Mefrou Veldstra (FNP): Op side 8 stiet 'inclusief de benodigde zaalsportcapaciteit'. Men hie it oars oer in sporthal. Wethâlder De Vries: By zaalsportactiveiten hat men in oerdutsen romte nedich. It is bedoeld foar in sporthal en foar gimmestyk. Twadde termyn Pagina 18 1 03 Ferslach riedsgearkomste 28 oktober 2008/odob/18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 21