De hear De Visser (PvdA): De gemeente hat dus net in tekoart omdat men in te grutte formaasje hat en de salarissen lizze ek ûnder it gemiddelde. De konsekwinsjes fan de weromkeppeling soe- nen elk healjier nei de ried komme moatte. Neffens in oanbefelling soe men sjen moatte nei it he- ge nivo fan de reinigingsrjochten. Men soe der benchmarkûndersyk nei dwaan wolle, wylst it stik krekt in produkt is fan in benchmark. Wethâlder Van der Meulen: Men sil op reguliere mominten de ried op 'e hichte hâlde fan de scan. It kengetal foar de reinigingsrjochten is faak net botte trochsichtich omdat gemeenten op hiel ferskillende wize de oanpak ynfolje. In ekstra tsjinst kostet ekstra jild. De foarsitter: As A-stik nei de ried. In verband met de nog te behandelen punten stelt zij voor om geen pauze in te lassen. De raad stemt hiermee in. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 oant 4.5 (na de opening heeft de heer Aupers ingesproken over agendapunt 4.2; zie bijlage). 4.2 Foarstel oangeande kamping Tusken de Marren yn Akkrum (verslag: zie boven na opening) 4.3 Foarstel oangeande bou-oanfraach skiphûs Wjitteringswei 1B yn Jirnsum (bij vaststellen agenda is dit punt van de agenda gehaald). 4.4 Neijiersnota De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel oangeande Beslisnota Kaderrichtlijn Water/Water Beheer 21e eeuw en de Stedelij ke Water Opgave Gemeente Boarnsterhim De hear Riemersma (FNP): It woe him net oan dat it wetter fan leech nei heech streamt. Hy hat ynformaasje krige fan it wetterskip oer de streaming troch de wurking fan gemalen. It is him wol bést nei wat fan kant it wetter streamt. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat twa wike lyn de saak fan it béste taaiidee oankaart. Is der wat fu- ortkommen út de publikaasje yn Op 'e Hichte? Wethâlder De Vries: It kolleezje hat wol wat gedachten, mar woe de ried ek de kâns jaan om mei suggestjes te kommen. Der binne gjin reaksjes binnenkommen. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat noch gjin antwurd krige oer de ferpleatsing fan de GWS. Men soe ek as ried in reaksje fan de wethâlder krije. Omdat dat net bard wie, hie er de fraach wer oan de griffier trochdien, mar blykber is dér wat misgien. Hoe sit it mei de ferpleatsing? Wethâlder De Vries: Der binne noch in tal lytse probleemkes. Dy hawwe mei û.o. de btw en it bestek te meitsjen. Der is noch hyltyd in konstruktyf oerlis mei GWS. As der resultaten binne, dan sil de ried skriftlik ynformeard wurde. 4.7 Slute Pagina 19 1 03 Ferslach riedsgearkomste 28 oktober 2008/odab/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 22