De hear Van der Meulen. Hy sprekt út namme fan de SAR. Men hat gemeentebreed ynstutsen. De Utingeradielhal hat in bysûndere posysje omdat neist de sport dêr de kultuer ek syn gerak krijt. Akkrum en Grou sitte oangeande de sport yn itselde spoar. De faktor jild spilet fansels in grutte rol. Dat twingt ta kreativiteit yn it sykjen nei win-winsituaasjes. De sport moat syn maats- kiplike ferantwurdlikheid oppakke. De sport wol iepenstean foar ferheging fan de tariven, sjen nei in sa goedkeap mooglike behearstruktuer, it maksimalisearjen fan de multy-funksjonaliteit en it eventueel fieren fan aksjes om jild binnen te heljen. Der is by de sport in breed bestjoerlik draach- flak binnen de gemeente foar de plannen. De ried soe it plan mienskiplik mei de partisipanten hannen en fuotten jaan moatte. De hear Bonnema. Hy sprekt as direkteur fan wenningboukorporaasje Welkom. It proses fan de brede skoalle ûntwikkelet har yn in nijsgjirrige rjochting. Hy tinkt dat folkshúsfesting wol wat mei de brede skoallen te krijen hat. Dan moat men dat benammen fanút it punt fan de werstrukture arring sjen om dêryn nei mooglikheden te sjen dy't it ta stân kommen fan de brede skoallen sty- pje kin. Yn de rin fan de simmer is hy hieltyd entûsjaster oer it plan wurden. Der skynt sa stadi- choan in 'construct' te ûntstean, dêr't de frijkommende lokaasjes in rol yn spylje. De wenning boukorporaasje wol ynvestearje yn grien en griis by de werstrukturearring en dan wol sa dat de gemeente mear romte krijt foar ynvestearrings yn de brede skoalle. Gemeente en wenningbou korporaasje hâlde wol har eigen ferantwurdlikheid. Hy tinkt dat men tichtby in hiel grutte kâns is om yn Boarnsterhim wat moais ta stân te bringen. Wethâlder Minkes: De gemeente stiet ûnder previntyf tafersjoch. De gemeente mei der lykwols wol oer gean wêr't men jild oan útjaan wol, as der per 2012 mar in solide mearjierreperspektyf is. Der hawwe op amtlik nivo in protte kontakten west mei de provinsje oer de fuortgong fan it proses brede skoalle. De provinsje hat noch gjin útslútsel jûn. Werstrukturearring en de brede skoallen binne in ûnderdiel fan it oerlis mei de provinsje. Yn it mearjierreperspektyf is 1 miljoen foar it ûnderwiis opnommen (wetlike taak) en foar de werstrukturearring in pm-post fan 2012 óf. Der binne noch wol in pear tûkelteammen. Der sil noch in bydrage nedich wêze foar de sport. Yn 2014 kin men fierder mei de werstrukturearring en op koarte termyn hopet men ta in oerien- komst mei Welkom te kommen. Sy kin no gjin bedraggen neame, mar sy ferwachtet in goed re sultaat. Dat sil ek mei bepaald wurde troch it bestjoerlik oerlis mei de provinsje. De foarsitter: In de stuurgroep zijn de vierkante meters en een programma van eisen aan de orde geweest. Over deze zaken heeft men in de stuurgroep overeenstemming bereikt. Daarnaast is er het overleg met de strategische partner; de verwachting is dat men tot een over eenkomst kan komen. Er is nauw contact met de provincie in het hele proces. De provincie kijkt vooral naar de financië le positie op de lange termijn.Bij de participanten is het vertrouwen dat de brede scholen er zullen komen. Zij nodigt de raadsleden uit hun vragen aan de leden van de stuurgroep en de heer Bonnema te voor te leggen. De hear Hemminga (GB): It binne moaie wurden. Der soe neffens it amendemint in útwurking fan in plan per 1 novimber komme. Der is allinne praat oer fjouwerkante meters en fierder is der neat konkreets. Der sil seker in finansjele paragraaf by wêze moatte. Men kin net folstean mei it hawwen fan fertrouwen. De hear Bouma (VVD): Hy hat deselde fragen. Der soe in finaal plan komme mei de goedkarring fan de partisipanten en mei dekking yn de begrutting en oerienstimming mei de provinsje. De pm- post fan de brede skoalle is de grutste dêr't men by de begrutting oer beslute moat. Men gie yn it amendemint út fan 1 novimber 2008. Pagina 3 1 03 Ferslach ekstra riedsqearkomste 3 novimber 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 31