Der is gjin hierpriis foar de skoallen; dat wurdt op in oare wize ynfold. De hear Van der Meulen: Men moat yn iepenheid mei inoar oan de slach. Dat wurd fertrouwen is tige wichtich yn dit proses. Men hat as sport hiel faak mei elkoar yn diskusje west. It is no foar de tredde kear dat men har mei dit proses dwaande hâldt. Men hat de léste trije moannen tige yntinsyf mei inoar praat oer modellen en dat koe allinne omdat men betrouwen yn elkoar hold. De léste puntsjes moatte noch op de i set wurde. Der binne sadanige sinjalen fan de gemeente kommen dat men wol fierder wol. De bydrage fan de gemeente sil noch wol fertaald wurde yn in konkreet stik nei de ried en syn fierdere fertaling krije yn de mearjierrebegrutting. En de sport sil ek nei har eigen bydrage sjen. It plan fan easken is werjûn yn de outputspesifikaasje. Straks wurdt der fansels in kalkulaasje mak ke en miskien kin der noch wat yn besunige wurde. Men wol fansels as sport in betelber taryf hawwe. Dochs binne foar de sport de plannen konkreet genôch om der mei fierder te gean. Men hat sjoen nei in mienskiplik romtegebrûk. Hy wol it gefoel meijaan dat men noch nea sa fier west hat en dat men dermei fierder moat. Dat gefoel libbet ek hiel sterk binnen de mienskip. As men net mei elkoar de skouders der ûnder set, dan wurdt alles allinne op it Onderwiis rjochte en dan bliuwt der foar de sport hast neat oer. De sport wol it oppakke. It is net realistysk om nei mear konkrete saken te freegjen as oan no ta. Hy ropt de ried op om yn de plannen mei te gean. De foarsitter: Zij heeft de raad eerst gelegenheid willen geven de stuurgroepleden te bevragen. Zij wil hierna de heer Apperloo, de projectleider, de gelegenheid geven om de zaken nader toe te lichten. De hear Apperloo: De stjoergroep hat yn de 3 moannen sa'n 15 kear by elkoar west. Der is goed beskreaun wêr't de romtes oan foldwaan moatte. Dat resultaat leit der en dat soe men oangean- de in oanbesteging op de merk sette kinne. Earder tocht men oan in post fan sa'n 25 miljoen. Men hat it opnij berekkene en no sit men behoarlik Onder de 25 miljoen. Mear kin er Onder dizze omstannichheden der net fan sizze. Alle kosten binne yn byld brocht. Dat liedt ta stichtingskosten fan dik Onder de 25 miljoen, dêr't men men de Onrindabele top fan ôfhelje wol en dêrfoar is men O.o. yn oerlis mei Welkom. Dat fertaalt him nei legere jierlêsten. Der binne eignerslêsten. Dy kosten wurde ferdield Onder Onderwiis, sport en berneopfang. Der binne ek gebrûkerskosten lykas behear en nutskosten en dy moatte dy gebrûkers seis opbringe. It Onderwiis krijt dêrfoar Londo-jilden. De gemeente stiet foar it eignersdiel (in goed miljoen jiers). De sport krijt it jild út de (hegere) tariven; men is ree om dér mear út te heljen. Der moat lykwols in demping komme op it taryf en dêrom sil de ried foarsteld wurde om noch in diel fan de kosten te dragen. De Sisa fynt op dit momint de kosten akseptabel. De eigen berekkenings binne ek toetst troch BCN en dy kaam út op deselde bedraggen. Fi- nansjeel is der dus in hiele slach makke. De strategyske partner hat op 15 oktober in brief fan BZ krige. Yn it VNG-magazyn fan septimber siet in bylage oer oanbestegings en resinte ynterpretaasje fan Europeeske regeljouwing. De kon- klúzje is dat in gemeente net sa mar ien op ien alles mei ien partij regelje kin. Dêrom wurdt de gemeente de eigner fan de gebouwen. Stjoergroep en partisipanten hawwe ideeën oer hoe't de gebouwen derút sjen moatte. Der wurdt in Ontwerper by helle en dan kin der in foarlopich Ontwerp komme. De RO-proseduere kin dan op start wurde en en dat jildt ek foar de fierdere (Europeeske) oanbestegings. Dat sil in x tal wiken yn beslach nimme. De ried sil tuskentroch in tal besluten nimme moatte. Yn bygelyks de mearjier- replanning moat in tal finansjele posten opnommen wurde. As alles meisit is men 1000 dagen fierder en dan steane de gebouwen der ein 2011 Welkom jout de basis om der finansjeel út te kommen en mei de provinsje is men yn petear. Op it romtlik flak binne de sinjalen posityf, op finansjeel mêd kritysk. Pagina 5 1 03 Ferslach ekstra riedsgearkomste 3 novimber 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 33