De foarsitter: Op grond van de stand van zaken zoals die nu voorligt wil het college voortgaan
met de plannen voor de brede scholen. De provincie ziet het financiële verhaal veel breder dan al
leen de brede school of de herstructurering. De vraag wat er gebeurt als de provincie niet mee
werkt en het college het plan wel doorzetten wil, is nu niet aan de orde. Het college wil met de
besluitvorming verder. Zij vraagt of men nog vragen heeft.
De hear Seldenrust (FNP): Hy hat alle wurdearring foar de minsken dy't oan de oare kant fan de
tafel sitte. Der sit net ien partij yn de ried dy't net in brede skoalle hawwe wol. Riedsleden witte
dat der yn it ferline ek ynspile waard op it gefoel. Dat ferline hat leard dat der nettsjinsteande
moaie wurden net in protte foar elkoar kommen is. Foar hjoed woe er it kolleezje noch gjin romte
jaan, mar troch de wurden fan de hear Apperloo hat der dochs foar 11 novimber in positiver ge
foel krige.
Der wurdt neffens de hear Bonnema jild fûn yn de werstrukturearring, mar de werstrukturearring
soe net earder as yn 2014 wer oppakt wurde. Hoe moat er dat linke? Hy is tige nijsgjirrich nei de
grûntransaksjes mei Welkom.
Wethâlder Minkes: Men hat te meitsjen mei in heech tempo fan petearen. Welkom start yn 201 2
in diel fan de werstrukturearring fan de gemeente op en sa hat de gemeente dan it jild foar de
brede skoalle beskikber en yn 2014 pakt de gemeente de werstrukturearring wer op.
Sy hat net alle eardere plannen foar de brede skoalle meimakke. De stjoergroep woe de lésten
fan it ferline fan har ôfskodzje. It is no dúdlik in proses mei de ferwachting dat men ta in goed re
sultaat komme kin. It freget allegearre in protte kreativiteit en sy hat dan ek in protte wurdearring
foar it wurk fan de stjoergroep.
De hear Van der Meulen: Mei syn wurden woe er net bedoele dat hy tocht dat de ried net achter
de brede skoalle stean soe. Men hie fanút it ferline in swiere rêchsek en dy hat men earst oan de
kant set. De ried sil de kommende wike stikken krije dy't mear dúdlikheid jaan sille.
Oer de behearsstruktuer yn Grou. Akkrum is in goed foarbyld fan sa'n model. De situaasje is net
alhiel gelyk, mar dochs wol men ek nei dat model sjen. Op dit stuit hat men dus noch gjin fêst
plan.
De hear Van der Sluis (VVD): Earst wie der 3900 kante meter foar Akkrum en goed 3900 foar
Grou. Bliuwe dy opperflaktes stean?
De hear Greidanus: De oppervlaktes zijn op basis van de nieuwe leerlingenprognose en de nieuwe
huisvestingsnormen minder geworden.
De hear Van der Sluis (VVD): Dat is in gigantysk grut ferskil (fan goed 3900 nei 3300).
De hear Greidanus: Het is duidelijk waar men recht op heeft. Het college wil gelukkig bouwen
voor de piek. De scholen hebben moeten snoeien en dat is mede door synergie, ook met Sisa, ge
lukt. Dat heeft tot een acceptabele verdeling van ruimtes geleid.
De hear Van Apperloo: Men sit no mei 3 partisipanten oan tafel en yn it ferline wienen dat der
folie mear en dan hat men ek mear kante meters nedich.
De hear De Visser (PvdA): Oan wat foar taryfsferhegings moatte de leden tinke?
De hear Van der Meulen: Dat wit hy noch net. Miskien moat der sa'n 10 oant 30% persint by.
De gemeente kin der fanút de begrutting hooplik noch wat oan dwaan. De sport wol de skouders
derûnder sette en it proses net blokkeare. Oars krijt men yn Akkrum en Grou in grut probleem.
Pagina 6
1 03 Ferslach ekstra riedsgearkomste 3 novimber 2008/odab/6