trouwen dat de brede scholen er zouden komen. Er ligt dus nu een plan met financiële kaders en daarmee vindt het college dat voldaan is aan de afspraak van 1 juli. Zij geeft de insprekers de gelegenheid om nog een reactie te geven. De hear Hofstra: Mefrou Minkes werhellet dat men de grûn bouryp meitsje moast foar it bouwen. As arsjitekt kin er sizze dat soks net nedich is. Alle gebouwen steane op peallen en de terreinynr- jochting kin achterôf plakfine. Der is yn syn eagen jild mei ferknoeid. Al by de sloop fan it swim- bad wie it dúdlik dat it in fiasko wurde soe. De sloop fan it swimbad is ûnsinnich; it hie der noch wol trije jier stean kinnen. Der wie sprake van 'een uitgewerkt plan met een financiële onderbouwing'. Dit is gjin útwurke plan. It is heechút in program fan easken. Der sille dus noch kosten by komme. Wêrom seit it kol- leezje net dat men it doel net helle hat, mar dat men wol graach troch wol? Sa'n hâlding hie er tige op priis steld. De hear Greidanus: Het amendement van 1 juli is het uitgangspunt van de overeenkomst. De par ticipanten hebben zich herpakt, hebben opnieuw gefocust en een resultaat neergelegd. Hij hoopt dat men daarmee verder gaat. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): GB ferwiist nei if ferline om net wer deselde flaters fan dat ferline te meitsjen. As it kolleezje sjoen hie dat men it net helle hat, kom der dan earlik foar út. De oerien- komst mei Welkom soe 'op een haar na' klear wêze. Mar sokke bewearingen hat men yn it ferline ek faak heard en dan gie it úteinlik net troch. It moat wol betelle wurde en der komme in tal sa- ken by dy't it wer djoerder meitsje. Oant hoefier kin men gean? Wannear 'go or no go'? Wannear leart men noris fan de skiednis? De hear Bouma (VVD): As men no 'nee' seit dan wurdt it nea wat. Mei Welkom derby sjocht de VVD in goede kâns. Men is lykwols noch wol fan de provinsje ôfhinklik. It kolleezje giet fierstente maklik oan de makke kosten (5 miljoen) foarby. It swimbad hie op syn minst noch wol in jier ie- penbliuwe kinnen. Der binne minsken en partijen yn de gemeente dy't ûnder it finansjeel miskre- wearjen fan it kolleezje te lijen hawwe. De hear Seldenrust (FNP): It kolleezje soe har ôffreegje moatte hoe't it kin dat bepaalde politike partijen sa reagearje. It antwurd fan de foarsitter is tige omslachtich. Is it foarlizzende foarstel foar de foarsitter fan de stjoergroep no it útgongspunt fan 1 july? It is neffens him fierstente me- ager en te koart troch de bocht. Wêrom bringt it kolleezje dat net nei bûten ta? De FNP wol net safier gean om 'no go' út te sprekken. Alles hat te meitsjen mei wat men út it ferline leare wol en dat fernimt er te min by it kolleezje en dêrom kin er him in kwalifikaasje as 'arrogânsje' wol be- gripe. Yn 4 moanne tiid is it fansels net maklik om it folsleine fertrouwen werom te krijen. De FNP hat in protte wurdearring foar de ynset fan de partisipanten yn de stjoergroep. Elk riedslid is fansels foar de brede skoalle. Hy wiist derop dat de riedsleden in 'rêchsekje' mei tekoarten hawwe. Sport soe betelber wêze moatte, mar der sitte taryferhegings oan te kommen neist de lésten dy't de ynwenners no en yn de takomst al te dragen hawwe. Spitigernôch mei men net oer de finansjele sifers prate. Mefrou Meinderts (CDA): De stjoergroep hat in rêchsek fan 20 jier ôfsmiten en dat kin de ried better ek mar dwaan. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat it oer de finansjele druk dy't mei feroarsake is troch de eardere wethâlder finânsjes. Pagina 5 1 03 Ferslach nedsgearkomste 11 novimber 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10