Mefrou Meinderts (CDA): De partisipanten hienen it ek net maklik en dy hawwe it ek wer oppakt. Sy hat it idee dat GB, de VVD en de FNP de saak fertraagje wolle troch it kolleezje opstappe te litten. De hear Bouma (VVD): De VVD wol hielendal neat fertraagje. De hear Flemminga (GB): Men wol warskôgje foar flaters dy't yn it ferline makke binne. Dat der wer saken útsteld wurde en dat it djoerder wurdt. De hear Seldenrust (FNP): Yn de earste termyn hat er al sein dat er it kolleezje net falie litte soe. Mefrou Meinderts soe seis mar ris goed yn 'e spegel sjen moatte om nei te gean hoe't men yn dizze malaise kommen is. Mefrou Meinderts (CDA): Sy hat gjin ferlet om dêr noch kommintaar op te jaan. De hear De Boer (PvdA): Hy snapt de lûden fan âld sear en hy wol ek net oer de krityk hinne- stappe. Mar neffens de PvdA moatte de brede skoallen der komme. As de ynformaasjefoarsjen- ning fanút de stjoergroep krekt sa ferrint as de ôfrûne tiid dan hat er alle betrouwen yn de fuort- gong. Op it momint dat der nije foarstellen komme dan kin men deroer diskusjeare en beslute. De foarsitter: Het plan dat nu voorligt is het plan dat het college ook per 1 juli voor ogen stond. Met dit plan en de financiële kaders die eronder liggen, wil het college doorgaan. Het is ook een steun in de rug voor de stuurgroep. Zij is het er niet mee eens dat dit college zijn eigen fouten niet wil toegeven. Zij heeft dan ook moeite met de betiteling 'arrogantie'. De raad zou unaniem voor de brede scholen moeten gaan. Zij heeft er moeite mee dat er over personen in het college van nu en uit het verleden bepaalde opmerkingen worden gemaakt. Wethâlder Minkes: By de begrutting komt it tekoart oan bod. Men hat wol leard fan it ferline, want de mienskip sit yn de stjoergroep. Guon riedsleden hienen mear witte kinnen as men diel útmakke hie fan de klankboerdgroep. De hear Seldenrust (FNP): Is men net frij om al of net in sit te nimmen yn in klankboerdgroep? De diskusje moat yn de ried plakfine neffens de FNP. De hear Hemminga (GB): GB is fertsjintwurdige yn de klankboerdgroep, mar hat net de yndruk krige dat er safolle mear ynformaasje hie as de VVD en de FNP. Wethâlder Minkes: De klankboerdgroep joech oars wol gelegenheid dêrta. De bern moatte goed ûnderwiis krije, mei plak foar sport en berneopfang. As de ried fynt dat it kolleezje of ien fan it kolleezje net goed syn wurk docht dan moat men as ried iepen en helder yn wêze. En oars moat men de skouders deründer sette. De hear Hemminga (GB): De wurden ûnderstreekje dat er in grutte kleau is tusken de kolleezje- partijen en de oare partijen. Elkenien is foar de brede skoalle. In oare toan soe mear begryp jaan. De hear Seldenrust (FNP): De toan jout de setting oan en dêrtroch kin er him foarstelle dat der fan arrogânsje praat wurdt. Men hat fanút it ferline en fanút de léste twa jier te folie meimakke dat men dat net yn trije moanne tiid ferjitte kin. Wethâlder Minkes: Der sil noch in diskusje komme oer it beskikber stellen fan krediten. Dermei hâldt de ried grip op it proses. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 11 novimber 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11