De foarsitter: Zij wil graag weten hoe de raad erover denkt om het voorstel ook naar het besluit vormende deel van deze vergadering over te brengen. De hear Hemminga (GB): Dêr hat er op himsels gjin beswier tsjin. Der sille noch genôch beslút- foarmjende foarstellen foarlein wurde. It gie der dizze jûn benammen om dat der yn syn eagen gjin útwurke plan wie. De hear Seldenrust (FNP): de FNP tinkt der wat oars oer. It is net yn it presidium besprutsen. Hy is der dan ek gjin foarstanner fan dat soks bart. It gie dizze jûn oer de mieningsfoarming. Foar oer twa wike kin men him tariede op it beslútfoarmjende part. Hy soe der wol in B-stik fan meitsje wolle. Hy freget om in ûnderbrekking. De foarsitter: Schorst de vergadering De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer Seldenrust. De hear Seldenrust (FNP): De FNP wol de saken net frustrearje. Benammen mei it each op de par- tisipanten soe er dan ek wol mei ynstimme kinne om it foar dizze jûn op it beslútfoarmjende part te setten. De foarsitter: Het wordt een A-stuk op de voorliggende agenda als 4.5.1 3.3 Foarstel om fêst te stellen de feroardering commissie bezwaarschriften 2008 By dit punt nimt de hear Hemminga it foarsitterskip oer. Mefrou Veldstra (FNP): Der wurdt praat oer it oplizzen fan in twangsom. Is dat foar de gemeen te? Is de organisaasje der wol klear foar? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): De dwangsom wordt aan de gemeente opgelegd en dat geeft meer werk voor de gemeente. De reden is dat men de procedures sneller wil laten ver lopen. Men zal aan de eis moeten voldoen. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om yn te stimmen mei it oerdragen yn eigendom fan it Riedhûs en it terrein by de Hellingshaven De hear Vellinga (PvdA): Der wurdt in stichting foar it behâld fan it Riedhûs oprjochte. Wêr hat dy stichting bining mei? Hoe komt it mei de kosten foar it museum? De hear Hemminga (GB): Der moat helderheid wêze oer de takomst foar it museum. De hear Seldenrust (FNP): Hy slút him dêrby oan. Wêrom hat ien en oar sawat twa jier duorre? By de haven steane giele flakken yntekene. Wat stelle dy foar? Wa draacht de kosten? Mefrou Meinderts (CDA): Sy hie deselde fraach as de ynsprekster, mefrou Visser. Der stiet dat de bebouwing by de Hellingshaven binnen twa jier realiseard wêze moat. Dat moat goed fêstlein wurde mei miskien in boetebeding derby. Wethâlder De Vries: Men hat op dizze dei kontakt hân mei De Trije Gritenijen. Der is wat betizing. Soms is der tiid nedich om ta in goed plan te kommen. It is in kwetsber plak oan it wetter en it moat in pân wurde dêr't men grutsk op wêze kin en dat it Wetterfront wat optille kin. De oare ûntwikkelings yn de buert moatte der ek op oanslute. Men kin hooplik dit jier ta in beslút komme. Hy hat gjin sinjalen krige dat de petearen net goed ferrûnen. Dochs wurdt der wat bemoeienis fan Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 11 novimber 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12