de gemeente frege en dat sil dan ek barre. De rjochten fan de hierder fan no moatte fansels ga- randeard wurde yn de nije setting. De útwurking fan de oerienkomst sil nei de ried takomme. Yn de nije setting jilde foar it museum deselde betingsten as yn it Riedhûs. De nije stichting hat bi- ning mei it doarp en it gebou. De gemeente en oare organisaasjes moatte gebrük fan it pân meits- je kinne. Hy wol skriftlik weromkomme op de giele flakken. De gemeente hat der gjin kosten oan. De hear Van der Meer (GB): Bij het Fryske Marreprojekt was de Volmaweg betrokken. Hoe komt het daarmee? Wethâlder De Vries: De Minne Finne, de Volmawei en de Hellingshaven sitte yn de fisy fan it Wetterfront. In ófwiking freget in nije fêststelling yn de ried. De plannen foar de Minne Finne lei- nen te fier fan de plannen fan de gemeente óf. Men is dwaande mei in herûntwikkeling fan de Volmawei en dat sil oar jier yn de ried behannele wurde. De hear Van der Meer (GB): Dat moet men dus extra kosten maken? Wethâlder De Vries: Nee, krekt net. Men wol fêsthâlde oan de termyn fan twa jier. De inisjatyf- nimmer wol graach los. Mei it beslút kin men it tempo der wer ynbringe. Mefrou Visser: Sy is hast alhiel tefreden. Sy wol graach de help fan de gemeente nei de oer- dracht as men der mei de stichting net útkomme kin. Ek wol men witte wat der yn it kettingbe- ding stiet. Wethâlder De Vries: Men kin altyd foar stipe by him terjochte. It ketttingbetingst kin nochris tro- chnommen wurde mei it museum. Nei de ferkeap is der in nije eigner en fan tefoaren wol er dêr- om, ek nei it museum ta, alle dúdlikheid hawwe. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): De gemeente besparret neffens him goed twa ton op ûnderhâldskosten. Miskien dat der dêrtroch wat romte foar it museum is. De hear Seldenrust (FNP): Hy nimt oan dat it erfguod by de wethâlder yn goede hannen is. De hear Vellinga (PvdA): It Riedhûs hie earder in fiverpartij. Hoe komt it mei de histoaryske ynfol- ling fan de tún? De hear Van der Meer (GB): Er zou volgens hem 2 ton betaald worden en nu leest hij iets over 1 euro. Wethâlder De Vries: De ried hat in dúdlik kader meijûn. Fan de tún binne al sketsen ynbrocht. It ferkeapbedrach is 1 euro. Men wit út it ûndersyk fan Monumintesoarch wat men oan ûnder- hâldskosten besparret. De hear Van der Meer (GB): Heeft men niet een bod gekregen van 2 ton? Wethâlder De Vries: Der wie doedestiids in partij dy't der 2 ton op ta hawwe woe. Dêr hat de ried doe net foar keazen. De foarsitter: As A-stik nei de ried. Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 11 novimber 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13