Bylage Ynsprekkers oangeande punt 3.2: Foarstel oangeande Brede Scholen Grou Akkrum Ynsprekker de hear E. Bosma. Grou, 111108 Achte kolleezje, gemeenteried en oare oanwêzigen. Dat ik yn de neidagen fan myn ûnderwiiswurkpaad ek nochris by jo Gemeenteriedsgearkomste ynsprekke mei moat. De Brede Skoallen lykje hast in "soap" te wurden; mar dat is it nóperfoarst net!! Myn hiele wurkseme libben stie en stiet yn it teken fan it leger - en basisûnderwiis. Fanôf augustus 1985 bin ik wurksem yn dizze gemeente. Yn 1983 wie der al in wurkgroep dy't in eventuele gearwurking tusken de beide Grouster iepen- biere legere- en letter basisskoallen ûndersocht hat. Troch ferskate oarsaken is dat yn de jierren derop net slagge. Mar yn de rin fan de jierren 90 is de gearwurking ûnder lieding fan ûnder oaren de doedeistige di- rekteur Jan Oudeboon wól slagge. Mei yn de efterholle de tasizzing: in folslein nij gebou. En dit nije gebou soe dan neffens learkrêften en meikedizingsried op it fjild fan fuotbalklup GAVC komme moatte; dy't dochs hjirwei ferhúzje soe. De eardere wethâlder Jenny Bouma hat yn likernôch 1998 yn in gearkomste mei it personiel sein: "Di't moatte jim nét wolle; oars helje wy 2002 net!" Dêrnei kaam de Brede Skoalle yn byld; mei op inisjatyf fan FNP-wethâlder Auke Bijlsma. Eltsenien: gemeentebestjoer, skoallebestjoeren, learkrêften âlders en bern wiene entoesjast. Wy witte allegearre wat der dêrnei oan't no ta bard is. En misskien nettsjinsteande of just tróch dizze sitewaasje binne wy no wer't wy binne. Hjoed is it momint om jo miening te jaan oer it trochgean fan de tarieding foar dizze Brede Skoal len yn Akkrum en Grou. Dizze binne no tichterby as eaü! Dit gemeentehûs foldocht oan de ARBO-easken nó de skoallen noch! Gemeenteried doch wat jim dwaan moatte en lit tûzenen bern, learkrêften, âlders, sporters en oa re ynwenners fan ús gemeente nét yn de kjeld steanü! Wat soe it moai wêze, no't ik hast ophâld yn it ûnderwiis, as ôfskiedskado in posityf beslút oer de Brede Skoallen temjitte sjen mei! Bestjoerders: DO IT!!!! Eelke Bosma, learkrêft i.b.s. "DTF" Grou Pagina 11 1 03 Ferslfich riedsgearkomste 11 novimber 2008/odab/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 16