Ynsprekker mefrou J. Visser oangeande punt 3.4: Foarstel ferkeap Riedhûs. Acht Kolleezje en Gemeenterie. Ut namme fan it Museum 'De Trije Gritenijen"en de "Freonen fan it Museum" wol ik graach in pear punten ûnder jimme oandacht bringe oangeande punt 3.4 fan de Wurklist. It wie foar ús teloarstellend dat wy sûnt it gesprek mei ús wethâlder De Vries (op 09 -02 -'07) net op de hichte holden binne oangeande de eigendomsoerdracht fan it riedhûs. Dit wie ús wol tasein en op side 3 fan de stikken léze wy: "Er is overleg gevoerd met: De huidige huurders en gebruikers van het raadhuis In twadde punt en in hiel wichtich punt foar ús: "Hoe sil dit finansjeel foar ús útpakke?" Der is ús yndertiid tasein dat wy op deselde betingsten trochgean koene. Wy hawwe no lykwols gjin kosten foar gas, elektrysk en wetter, omdat de gemeente dy kosten foar it riedhûs altyd be- tellet. Wy hawwe heard dat de nije stichting dizze kosten net foar har rekken nimme sil. By punt 3.1 op side 3 fan 'e stikken stiet: "De gemeente heeft dan geen verantwoordelijkheid meer voor en geen kosten meer aan deze objecten..." Mar yn it earder neamde gesprek seit wethâlder De Vries op ús fraach 5: "Hoe wordt voorkomen dat het museum te zijner tijd toch kosten voor huur, nutsvoorzieningen of onderhoud moet gaan betalen?" antwurd: "Naast een kettingbeding in de verkoopovereenkomst denkt De Vries ook aan een constructie waarbij de kosten die de gemeente nu ten behoeve van het museum aan het raadhuis heeft, al dan niet gekapitaliseerd aan de koper als subsidie ter beschikking te stellen ter dekking van de kosten van het museum". Wy wolle graach helderheid oer dit punt, sadat dit net in punt fan diskusje wêze sil as de oer- dracht al plak fûn hat. Sa't út ús finansjele jierferslach en begrutting wol bliken docht kin der op de eksploitaasje net mear besunige wurde.Wy as frijwilligers hawwwe de soarch foar it kultureel erfguod fan Boarn- sterhim op ús noed nommen, mar dit moat ús ek mooglik makke wurde. Ik fyn it hiel spitich dat it jild altyd in diskusjepunt wêze moat. Tank foar jimme oandacht. J. Visser - Poppinga, foarsitter Pagina 19 1 03 Ferslach riedsyearkomste 11 novimber 2008/odab/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 24