Draagt het college op een daartoe strekkende begrotingswijziging nog in 2008 aan de raad ter vaststelling voor te leggen, En gaat over tot de orde van de dag.. De hear Riemersma (FNP): Hy ha de bydrage fan de fraksjefoarsitter dy't der dizze jûn net wêze kin. De begrutting 2009 moat fêststeld wurde. Dy slút mei in posityf saldo mar jout gjin romte foar nij belied. De húshâldings yn Boarnsterhim hawwe de grutste stiging fan wenlêsten yn Frys- lân. In mooglik nij swimbad sil wol in grutte dream bliuwe. De FNP is nijsgjirrich nei de swimbad- notysje dy't oan de ein fan it jier komme sil. It positive saldo soe foar in part brûkt wurde kinne foar it opheinen fan de kommende besunigings. Der is wer gjin jild foar it fytspaad Grou-Wergea-Warten. De FNP-leden yn de Provinsjale Steaten trune der by de provinsje op oan om mei in foarfinansiering foar it fytspaad te kommen. De FNP hopet dat de oare partijen har partijgenoaten derop oansprekke om har posityf yn de Provinsjale Steaten foar dit foarstel oer op te stellen. Hat de wethâlder al by it ministearje in fersyk ynstjinne hat om jild út de ekstra pot foar fytspaden te krijen? De FNP hat dat al dien en neffens it ministe arje sil de útkomst yn it earste fearnsjier fan 2009 bekend makke wurde. Men moat oer 4 punten in beslút nimme. De beliedsombûgings en de mearjierrebegrutting binne net yn it riedsstik opnommen. Troch it ûntbrekken fan dizze punten is it foarstel dan ek net kom pleet en dêrom kin de FNP ek net mei it foarstel ynstimme. Men soe yn desimber troch begrut- tingswizigings in beslút nimme moatte oangeande de beliedsombûgings. Dan is der wat te kiezen want no is it slikke of stikke. De hear Zijlstra (CDA): Foarôf: it CDA koe har wol fine yn de reaksje fan de foarsitter op de yn- sprekker en it stik yn de krante. De begrutting en ombûgingsoperaasje is fan ekstra grut belang omdat men ek in posityf beslút fan de provinsje hawwe moat oer de brede skoalle. De ombû- gingsoperaasje is dan ek nedich. It kolleezje soe kreatyf wêze moatte. Sykje ek gearwurking mei oare gemeenten as It Hearrenfean, Skarsterlân, Snits en Tytsjerksteradiel. In protte saken kinne spitigernôch net útfierd wurde lykas de miljeustrjitte en it minimabelied. Men moat neffens him mear saken dellizze by doarpen, ferienings en bedriuwen. Dêr kin men soms saken better oppakke. Hy wiist dêrby û.o. op de molestichting, it behear fan de sporthal yn Akkrum en hoe't men saken yn bygelyks Reduzum oppakt. De gemeente moat dan wol de rezjy hâ'de en fasilitearje. It CDA kin mei de begrutting ynstimme en sil dêrom gjin moasjes en amen- deminten yntsjinje. De hear Bouma (VVD): It iene wurd út de Ljouwerter Krante dêr't it kolleezje miskien oer stroffe- let wie net in wurd fan de hear Galama, mar fan de parse. Mefrou Dekker (PvdA): Deselde wurden wêrop de foarsitter mei rjocht en reden ek op reageare hat, binne troch de hear Galama yn de riedsgearkomste ek brûkt. De hear Hemminga: De foarsiter hat reageare op ien krantekop. De foarsitter: Zij heeft gereageerd op de kop in de krant én op de woorden van de heer Galama in deze vergadering. De kop in de krant is bovendien een citaat. De hear Bouma (VVD): Men moat krityske boargers de romte jaan. Der binne noch in tal pm- posten en as dêr gjin sifers by komme kinne dan kin men de begrutting net goed beoardiele. Gu- on posten moatte noch fierder ynfold wurde. De opbringst fan camping Tusken de Marren wurdt der by set, mar der moat ek noch 8 ton oan it Fryske Marreprojekt bydroegen wurde. Der binne noch tal fan risiko's en alles is dus noch net bekend en dêrom kin men de kommende jierren noch Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 12 novimber 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 30