Wethâlder Minkes: Oangeande moasje 1 (minimabelied). It bedrach is basearre op CBS-sifers. It is in autonoom foech fan de gemeente om it jild earne foar te brûken. De provinsje wol by hege útsûndering ynstimme mei it beskikber stellen fan it bedrach. De hear Bouma (VVD): Hy hat seis ek kontakt mei de provinsje socht en neffens syn ynformaasje wie it op it rântsje. Troch in fersin krige er in oare mail en dêrby krige er de yndruk dat de pro vinsje it reade poatlead hantearje soe. Wethâlder Minkes: Sy hat kontakt socht mei de hear Spekman. It Ryk soe rekken hâlde moatte mei gemeenten dy't ûnder provinsjaal tafersjoch steane. Men hat nei oanlieding fan 'it reade poatlead' aksje ûndernommen. De hear Zijlstra (CDA): Bringt de hear Bouma elke mail yn de iepenbierheid dy't eins net oan him rjochte is? De hear Bouma (VVD): Hy hat dêrút de ynformaasje helle dat de provinsje it reade poatlead han tearje sil. Hy hat ek oanjûn fan wa't de mail kaam. Hy hopet net dat it ferhaal fan de wethâlder oars wurdt. Wethâlder De Vries: De tekst oer de brêgebetsjinning joech wat ûndúdlikheid. Der is in bedrach fan 14.000 euro keppele oan de spoarbrêge/Weidlânsbrêge. Dêrnjonken rint in pilot hoe't men tichter komme kin by it tema 'Grensloos varen'. Boarnsterhim wol dêr wol oan meiwurkje, mar dan wol budzjetêr neutraal. Der is al in earste 'herijking' fan it Fryske Marreprojekt yn de ried be- sprutsen en der sil noch in twadde komme. Dêrom is it bedrach fan 8 ton foar it Fryske Marrepro jekt net opnommen. It foarstel is om de toeristebelesting yn fazen te ferheegjen. It kolleezje soe mei de brânzje yn oerlis gean wolle en dêr de romte graach foar hawwe wolle. Wethâlder Van der Meulen: Men sil noch ynformaasje jaan oer de leezjes yn ferbân mei de kos tendekkendheid. Mefrou Dekker (PvdA): Hoe sit it mei de pm-posten yn de begrutting? Wethâlder Van der Meulen: It wol net sizze dat men dy posten net yn byld hat en dat men wat ferberget. It kolleezje wol earst in skerp byld hawwe wat de behearsplannen kostje moatte. Oars is it wat in slach yn 'e loft. De hear Riemersma (FNP): Yn de mearjierrebegrutting steane noch al wat pm-posten. Is dat ek in slach yn 'e loft? Wethâlder Van der Meulen: It is net ferstannich in rûzing te meitsjen as de behearsplannen noch net útwurke binne. De hear Riemersma (FNP): Troch de pm-posten wit men net wêr't men oan ta is. Wethâlder Van der Meulen: Hy wiist derop dat oan de opbringstekant der wol rekken mei hélden wurdt. De hear Van der Woude (PvdA): It sil dus ta in ferswierring liede op termyn? Wethâlder Van der Meulen: Dat hinget fan it nivo óf dat de ried oan de behearsplannen takenne wol. Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 12 novimber 2008/odab'9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 33