Men besjocht alle mooglikheden oangeande de pont. De baatbelesting is wierskynlik net helber. Twadde termyn De hear De Visser (PvdA): Hy wol de moasje oer de brêgebetsjinning (2) ynlûke. De reaksje op it amendemint is him net dúdlik. De hear Bouma (VVD): Wat fynt it kolleezje fan de moasje oer it stimburo? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij is het op zich niet oneens met de motie, maar zij hoopt niet dat er daardoor geen raadsleden meer op het stembureau zitten. De hear De Jong (PvdA): Op grond van de informatie van het college trekt de PvdA de motie over het minimabeleid (1) in. De hear De Visser (PvdA): Ek de moasje oer it precariobelied (3) wurdt weromlutsen. De hear Bouma (VVD): De moasje oer it stimburo makket de animo net grutter om op it stimburo te sitten. Mefrou Dekker (PvdA): Jout dy 50 euro dan de trochslach? De hear Bouma (VVD): Hy hie foar himsels al besletten, as der net mei in stimkompjûter wurke wurdt, dat er dêr net sitte wol. Hy hat der earder op wiisd dat der wol minima sitte kinne. Mefrou Dekker (PvdA): Sy leit de klam derop dat de ried no oer de 50 euro foar de riedsleden be- slút. De hear Van der Meer (GB): Het moet toch raadsbreed gedragen worden? De foarsitter: Zij wijst erop dat de meerderheid besluit. De hear Zijlstra (CDA): It CDA is akkoart mei de moasje oer it stimburo. Mei it amendemint oer de toeristebelesting kin it CDA net ynstimme. It is net freonlik foar de toeristen. Mefrou Dekker (PvdA): It CDA is dus wol foar de ozb-ferheging? De hear Zijlstra (CDA): Ja. Hy wiist noch op de diskusje oer de artikel 1 2 status. De foarsitter: Zij brengt het amendement fan de PvdA oer ferheging fan de ozb in stemming. De hear Looijenga (CDA): It CDA kin ynstimme mei de ozb-ferheging. Minsken dy't in hierhûs be- telje dêr net oan mei en der is in frijskattingsregeling. Dêrom is it CDA tsjin it amendemint. De hear Riemersma (FNP): Hy kin him fine yn de ozb-ferleging. Hy kin him de arguminten foar de ferheging fan de toeristebelesting foarstelle, mar hat gjin referinsjekader. It kin de minsken ek ôfskrikke. Hy is dêrom tsjin it amendemint. De hear Bouma (VVD): Mei de fasearre ynfiering is hy foar it amendemint. De hear Van der Meer (GB): GB is tegen het amendement, want anders zou er weer een gat in de begroting ontstaan. Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 12 novimber 2008/odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 34