De hear Seldenrust (FNP): Hy slút him dêrby oan. Tefolle geheimhâlding komt de diskusje net te'n goede. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 14 en 15 oktober 2008 It ferslach fan 14 oktober Mefrou Meinderts (CDA): Op side 13 stiet dat sy der ek achter stiet. Sy hat sein dat sy der neat oan ta te heakjen hie. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. It ferslach fan 15 oktober De foarsitter: It ferslach wurdt goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Nûmer 1 De hear Vellinga (PvdA): De cd (Stadsvisie Leeuwarden) kin er net ynsjen. Soe de griffier foar elk riedslid in cd by de gemeente Ljouwert opfreegje kinne? De foarsitter: Zij stelt vast dat de griffier hiervoor zal zorgen. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder Minkes: De beliedsnotysje WMO is kommendeweis. Der is earder in ynformearjende gearkomste op 25 novimber yn Leppehiem. len fan de pylders is de mienskipssoarch. Troch in fersom is in parseberjocht oer de oerienkomst mei Coltavast net by de ried kommen. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant en mei 3.6 De hear Bosma sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. Mefrou Smink sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. De hear Feitsma sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. De hear Hofstra sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. De hear Wijnstra sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. De hear Greidanus sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. Mefrou Visser sprekt yn op punt 3.4. Sjoch bylage. 3.2 Foarstel oangeande Brede Scholen Grou Akkrum De hear Seldenrust (FNP): Der sille mooglik nochal wat fragen komme oan de foarsitter fan de ried en dan soe de boargemaster better de fergadering net foarsitte kinne. De foarsitter: Zij is technisch voorzitter en mevrouw Minkes is vanuit de stuurgroep woordvoer der van de gemeente. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat dochs fragen dy't rjochte binne oan de foarsitter fan de ried. Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 11 novimber 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7