De foarsitter: Zij wil eerst even de vragen afwachten. De hear De Boer (PvdA): Yn july is riedsbreed in amendemint oannommen. De finansjele tastân is min. It kolleezje ferbynt har lot oan in foarstel dat der per 1 novimber lizze moat. Der leit dan ek in gigantyske druk op sa'n proses. Yn syn eagen leit der no in bést plan foar. De gebouwen wur- de delset foar it ûnderwiis, de sport en de berneopfang. De direkt belutsenen hawwe yn koarte ti- id in programma fan easken dellein en hawwe Onderling dêroer oerienstimming en foldogge dér- mei oan de easken fan de ried. Der komt in strategyske partner mei in goed plan en dy makket syn maatskiplike ferantwurdlikheid wier sûnder de Ondemimmerskant út it each te ferliezen. It jout in ympuls foar de werstrukturearring en it hat in posityf effekt op de finânsjes. De ynformaasjestream hat yn dit proses ek hyltyd perfekt west. It is de PvdA dúdlik hoe't de plannen der no der hinne lizze. Men wit net wat de provinsje derfan tinkt en men wit ek net hoe't it mei de wenningbou yn Akkrum sit. Der binne twa mooglikheden. Men kin deroer neitinke hoe't dat allegearre krekt yn elkoar stekt of men giet fierder mei de realisaasje fan de brede skoallen. Hy pleitet derfoar om it foarstel fan it kolleezje te stypjen. De hear Bouma (VVD): It foarlizzende plan liket realistysk. De partisipanten mochten no echt meiprate. It is ek breder fan opset mei de werstrukturearring en de finânsjes. Mar oangeande de opset fan de gebouwen is it wat minder breed as yn eardere plannen. It liket dat de finale tichtby is. De VVD tinkt dat er no in kâns is om út de soargen te kommen en dat de skoallen der komme kinne. It is wol in wat útklaaid gebou. Duorsume enerzjy-ynstallaasjes sitte der neffens him net mear yn. Hoe wol it kolleezje de kosten dekke? It liket der dus no op dat der in plan leit. Yn syn eagen liket Welkom de rédende ingel. Foar de VVD mei it Ijocht op grien. It hiele proses hat de gemeente wol imagoskea tabrocht. De hear Seldenrust (FNP): Benammen de léste 4 jier is der fan alles misgien. Projektlieder Buiter soe it wol foar elkoar krije en neffens wethâlder Van der Meulen soe de béste en moaiste skoalle yn Boarnsterhim komme. It waard lykwols in fiasko. De hear Buiter waard wei fan it toaniel en it kolleezje soe seis de karre lûke, wêrby't wethâlder Van der Meulen yn it skaad kaam te stean. Der kaam in stjoergroep ûnder oanfiering fan de foarsitter fan it it kolleezje. Letter by de útwrei- ding fan de stjoergroep luts wethâlder Minkes de karre. As der 1 novimber 2008 gjin plan mei fi nansjele Onderbouwing lizze soe dan soe it kolleezje opstappe. It is foar de FNP Onbegryplik dat wethâlder Van der Meulen alles oer syn kant gean liet. It kolleezje hat no seis bepaald dat it sitten bliuwt omdat der neffens har skot yn de saak sit. Men mei it net oer bepaalde (finansjele) tûkelteammen hawwe. Is foar de foarsitter fan de stjoer groep it no foarlizzende foarstel it útgongspunt fan doedestiids? Sa ja, wêrom is dat dan ek net sa nei buten tabrocht? Sa nee, wêrom nimt it kolleezje dan de romte om sitten te bliuwen? Ek de FNP wol graach de brede skoallen mei in goede Onderbouwing. Hoe stiet it mei de provinsje? Hoe komt it mei de ynfrastruktuer en it parkearen? Der sil hurd oan wurke wurde moatte om de skea nei de ried ta wer goed te meitsjen. Yn in parseberjocht kin men léze dat it CDA har noch al wat op it boarst slacht as soe it oan it CDA te tankjen wêze dat der straks brede skoallen komme. Mar mei troch it finansjele wanbehe- ar fan de foarige CDA-wethâlder sit de gemeente no yn finansjeel swier waar. It past it CDA net om har no op it boarst te slaan. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA naam yn july it inisjatyf ta it amendemint en dat amendemint hat úteinlik laat ta in foarstel. De partisipanten hawwe meitinke kinnen en hawwe fertrouwen yn de fuortgong. De kompliminten oan alle belutsenen. Der binne risiko's en dy binne ek Onder punt 10 neamd. Welkom spilet in grutte rol. Der wurdt noch praat oer in behearmodel foar de sport yn Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 11 novsmber 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8