Twadde termyn De hear Zijlstra (CDA): Moat men foar it gemeentefûns hyltyd opjaan hoefolle minsken der per- manint wenje? Dat soe ta ekstra ynset liede kinne. Wethâlder Van der Meulen: Men moat opjaan hoefolle wenten permanint bewenne wurde. De gemeente wurdt der net gigantysk ryk fan. De krekte sifers soe er de ried wol takomme litte wol- Ie. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om de bonusútkearing fan Aquario Watermanagement BV ta te foegen oan it saldo Incidenteel Onvoorzien begroting 2008 Mefrou Veldstra (FNP): Der stiet by dat de bonusútkearing net earmerke is. Sy soe foarstelle wol- Ie om it bedrach foar de nota Jeugd en Gezin te reservearjen. Mefrou Esser (PvdA): It foarstel is gelokkich in foarbyld dat de gemeente goed hannele hat mei de útbesteging. De hear Zijlstra (CDA): Wêrom wurdt it jild net weromjûn oan de ynwenners troch it yn it riolear- ringsplan te stekken? Wethâlder Van der Meulen: De gemeente hat in goede slach makke mei de útbesteging oan Aquario. Binnen de kaders fan it previntyf tafersjoch moat men in bestimming jaan oan it be drach. Der is mar ien plak: de reserve. De hear Seldenrust (FNP): Wêrom stiet it dan sa yn it stik? No ropt it diskusje op. De hear Bouma (VVD): Hy merkt op dat it wol oan de ried is want oars hie men it foar kundskip oannimme moatten. De hear Van der Woude (PvdA): Hy freget him ek óf wat dan de needsaak is om de beslisbeam by dit soart stikken oan te jaan. De hear Van der Meer (GB): Er zijn nog gesprekken met de provincie over bepaalde zaken. Men zou het bedrag dus bij incidenteel kunnen onderbrengen. Wethâlder Van der Meulen: It is spitich dat it wat betizing en diskusje jout. Men sil it foar de ta- komst dúdliker ûnder de beslisbeam oanjaan. Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): It stiet deryn dat it net earmerke is en dêrom wol de FNP der in B-stik fan meitsje. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om yn te stimmen mei de startnotysje "Opgroeien met kansen, startnotitie Jeugd en Gezin integraal beleidskader 2008-2012" De hear De Boer (PvdA): De PvdA wie earst tige entûsjast oer de plannen dy't ticht by de mins ken steane. Men sjocht lykwols dat de riddenearring fan boppen komt. Der steane wat ûndúdlik- heden yn lykas oer de stjertesifers by bern en it alkoholgebrûk by jongeren. Stadichoan waard Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 10