De hear Zijlstra (CDA): Sa tinkt it CDA der ek oer.
De foarsitter: Zij concludeert dat een minderheid van de raad het besluitvormende deel wil ver
schuiven naar januari, maar dat de meerderheid het deze avond nog wil afhandelen.
De hear Seldenrust (FNP): Hy soe graach de gearkomste ûnderbrekke wolle.
De foarsitter: Schorst de vergadering.
De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer Seldenrust.
De hear Seldenrust (FNP): Hy hat mei alle fraksjes oerlis hân. Men wol it punt earst mienings-
foarmjend behannelje en dêrnei wol men yn it skoft besjen hoe't de beslútfoarming plakfine kin.
De foarsitter: De agenda wordt vooreerst conform vastgesteld.
1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 11 en 12 novimber 2008
It ferslach fan 11 novimber
De foarsitter: It ferslach wurdt goedkard en fêststeld.
It ferslach fan 12 novimber
De hear De Visser (PvdA): Op side 4 hat er net in amendemint mar in moasje foarlêzen.
De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld.
1.4 Ynkommen stikken
Nûmer 5
Mefrou Veldstra (FNP): Oangeande de Ontwikkeling fan de Werpsterhoeke wol sy de moasje fan
de gemeente Littenseradiel dêroer graach eefkes parkeare. Yn jannewaris soe sy dy moasje
graach belûke wolle by de diskusje oer dat punt.
2. YNFORMEARJEND
2.1 Meidielings:
a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders
Wethâlder De Vries: Der wie in pilotprojekt Alliantie School en Sport. Men moast it stopsette
fanwegen in tekoart oan finansjele middelen. Foar 2009 hat men dochs dekking fine kinnen bin
nen de Impuls-regeling. Men krijt noch skriftlik ynformaasje.
Hy stelt foar de ynformaasje oer de ferkeap fan camping Tusken de Marren by de beäntwurding
fan de fragen fan de riedsleden te jaan.
Wethâlder Minkes: Foar 2007 krijt de gemeente noch in oanfoljende útkearing (76.000 euro),
omdat yn 2007 119 minsken in plak fia in trajekt krige hawwe.
Wethâlder Van der Meulen: De gemeente stiet ûnder previntyf tafersjoch en men hat regelmjittich
oerlis mei de provinsje. Der is dizze middei yn it oerlis konstateard dat der hiel wat bard is; men
hat de kompliminten krige. Der moat lykwols noch hiel wat barre. Yn 2009 stiet men ek noch
ûnder tafersjoch. Miskien slagget it dat men per 2010 Onder in lichter tafersjoch komt.
De hear Seldenrust (FNP): Hy fynt it frjemd dat de ried fan de kommunikaasje mei de deputearre
fia de parse op 'e hichte brocht wurde. Hy sitearret 'tevens gaat hij in op de stand van zaken bij
de gemeente Boarnsterhim in aanwezigheid van het college van deze gemeente'. Hy snapt net
Pagina 2
1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/2