dat yn 'e mande mei de gemeente docht dan kin men saken binnen it budzjet en de tiid realiseare dy't de leefberheid te goede komme. Der moat fansels ek in finansjeel ferhaal achter lizze en dat is in tige lestige saak. De provinsje hat der ek wat oer te sizzen. Men wol kontinuïteit yn de werstrukturearring, realisaasje fan de brede skoallen en troch in goede oanstjoering de finansjele útgongsposysje fan de gemeente fersterkje. Der is in dealpackage út- wurke en hy giet derfan út dat men it ta in goed ein bringe kin. Der fine wat grûntransaksjes plak en der binne ek wat gemeentlike wennings by belutsen. Men hat yn 2005 by it konvenant in tal lokaasjes oanwiisd foar wenningbou lykas de âlde mafû oan de Stajsonswei en It Leechein. Der hat in hiele ynventarisaasje fan it besit fan de gemeente west. Ynwreidingslokaasjes binne yn hast alle doarpen te finen. Yn totaal giet it om sa'n 20/25 perselen en dan komme der ek noch wat wennings by. Dy ynventarisaasje is sawat ôfrûn. As de brede skoallen boud wurde dan komme der lokaasjes frij. Der soe foar in part wenningbou op komme kinne en oars soe der in oare bestimming op komme kinne. Der bliuwt in boekwearde fan de restearjende perselen fan de brede skoallen oer en der sil ek nei sjoen wurde watfoar mooglikheden dat biede kin. Grou-Noard, dat al in hiele tiid op de balâns fan de gemeente stiet, wurdt der ek by belutsen. De perselen en de opstallen wurde taksearre. De gemeente hat as doelstelling dat op de trânsaksjes 10 miljoen boekwinst makke wurde moat. Dat is net maklik, mar net ûnmooglik. De 10 miljoen moat ferdield wurde troch 6 miljoen óf te topjen op de ynvestearing fan de brede skoallen en 4 miljoen is ynkleure yn it mearjierreperspektyf. Men is dwaande in konsept-fêststellingsoerienkomst út te wikseljen. Hy ferwachtet dizze wike kommintaar fan de gemeente op it konsept fan Welkom. As men it iens is oer de materiële saken dan komt dêrnei noch in juridyske toets. De stedeboukundige aspekten krije it nedige omtinken. Op 9 jannewaris sil der in koarte presintaasje komme foar de stjoergroep. Yn jannewaris moat men dúdlikheid krije foar de beslútfoarming. Der wurdt troch de wenningboukorporaasje flink de nekke útstutsen. Dat men op koarte termyn saken dwaan wol, hat mear te meitsjen mei it besef dat der wat barre moat as dat men oan de strategyske posysje oangeande de grûn tinkt. Welkom wol ek de kontinuïteit fan de werstrukturearring feilich stelle. By it opstellen fan it konvenant wie der in tekoart fan 4,5 miljoen. Men hat ófpraat dat de ge meente, Welkom en de provinsje elk 1,5 miljoen foar har rekken nimme soenen. Welkom wol noch sa'n 2,5 miljoen ekstra dwaan foar de ynrjochting fan de iepenbiere romte. Men hat der be- gryp foar dat de gemeente der noch gjin jild foar hat. De gemeente hat in ynvestearingsplicht fa- nóf 201 2. Foar de riolearing wat earder, mar dêr binne fûnsen foar. Hy fynt dat de ried derfoar gean moat. Oars soe der in bestjoerlike krisis komme kinne en dan soe de provinsje mear te sizzen krije en dan komme saken in tal jierren op slot te stean. Men hat it foar de gemeente oangeande de werstrukturearring oer in ynvestearing fan sa'n 80 miljoen. De brede skoallen freegje in ynvestearing fan sa'n 20/25 miljoen en Grou-Noard en de oare grûnstikken freegje in ynvestearing yn wenningbou en ynfrastruktuer fan sa'n 50/75 mil joen. Yn totaal giet it dus om in ynvestearing fan sa'n 180 miljoen. Hy kin him net foarstelle dat men de plannen ófwize sil. It hat in enoarme ekonomyske ympact. De provinsje stiet der posityf foar oer, mar dan moat der wol útsicht wêze op swarte sifers. De provinsje hat behoefte oan in stikje ienriedichheid sawol fanút it kolleezje as fanút de ried dy't neffens de provinsje soms bûter op 'e holle hat. Men moat de foet by de kûle hâlde en dan soe it neffens him kinne moatte. Wethâlder Minkes: Sy wol noch in oanfolling op de taljochting fan de hear Van der Meer jaan. Op 27 maart 2007 hat men in ynspraakjûn hân yn Akkrum. Der is doe sein dat der nea sprake wêze soe fan wenningbou op de lokaasjes fan de brede skoallen yn Akkrum en Grou. De feiten en om- stannichheden binne lykwols tige feroare. It hâldt konkreet yn dat men de fraach oer wenningbou by de lokaasjes wer oan de oarder stelle moat. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 30