De hear Bouma (VVD): It is in dúdlik ferhaal. Der soe miskien dit jier in hantekening set wurde en
der soe miskien dit jier noch jild op de bankrekken set wurde. Der moatte noch wat saken fia de
packagedeal útiten wurde. Soe de hear Van der Meer ek nochris it fytspaad oan de oarder stelle
wolle by de deputearre?
De hear Van der Meer (adviseur Welkom): De provinsje hat wat beheinings oangeande de brede
skoallen. As der positive foarstellen komme dan kinne der miskien wat saken ferlein wurde.
De hear Bouma (VVD): Kin men de balâns noch wat opkrikke?
De hear Van der Meer (adviseur Welkom): Der binne in tal saken dy't wat mear tiid nedich
hawwe lykas de taksaasjes en de stedeboukundige fisys. Allinne foar de konvenantlokaasjes
1,5 miljoen euro) soe men in notaris freegje kinne om dy saken foar 1 jannewaris passeare te lit-
De hear Hemminga (GB): It giet de ried derom dat der brede skoallen komme dy't ek betelber
binne. Hy is nijsgjirrich nei de konsept-oerienkomst. Der binne lykwols noch wol wat tûkelteam-
men.
De hear Zijlstra (CDA): Hy nimt oan dat de hear Van der Meer bedoelt dat Welkom achter de
plannen stiet en kâns fan slagjen sjocht.
De hear Van der Meer (adviseur Welkom): Welkom stiet der achter, mar der moatte wol in tal sa
ken takseard wurde. Welkom hat mei de eigendomsposysje fan de brede skoallen net safolle me
ar fan dwaan. Mar yn de gearwurking kin men bepaalde risiko's frijwol útslute trochdat men bin
nen it budzjet en de tiid operearje kin. len faset kin er net behearse en dat is hoe't de provinsje
sjocht nei de budzjetten. De gemeente Boarnsterhim moat har ienriedich sjen litte.
De hear Vellinga (PvdA): Dat tiden feroarje kin neffens him ek foardielen yn de oanbesteging
opsmite.
De hear Van der Meer (adviseur Welkom): Men kin yndied gebrûk meitsje fan de situaasje fan dit
momint. Dêrom soe men net te lang wachtsje moatte.
De hear Riemersma (FNP): De grûn dy't Welkom oankeapet soe dan yn priis wer tsjin jin wurkje
kinne.
De hear Van der Meer (adviseur Welkom): De grûn sil wurdearre wurde op basis fan de plannen
dy't der lizze en op basis fan de residuele grûnwearde, lykas dy ferline jier wie en oer twa jier
hooplik ek wer wêze sil. It is net de ynstek fan Welkom om der in slaadsje út te slaan.
De foarsitter: In januari zal het college naar verwachting de concept-vaststellingsovereenkomst
aan de raad voor kunnen leggen. Zij bedankt de heer Van der Meer voor de verantwoording en de
beantwoording van de vragen.
2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan de útkomsten fan de septembercirculaire 2008
De hear Hemminga (GB): Men kin it foar kundskip oannimme. De auditkommisje hat it op in goe
de wize behannele.
Mefrou Veldstra (FNP): Sy hie dochs begrepen dat de auditkommisje wat muoite hie mei it drege
stik. Hie it net op ien A-fjouwer kinnen? De 497.000 euro wurdt eefkes parkeard. Wurdt it earne
foar bestimd?
Pagina 5
I 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/5