Wethâlder Van der Meulen: It is foar it kolleezje lestich yn te skatten hoe't de ried it hawwe wol. It hat al yn de auditkommisje west. De arguminten om it sa te dwaan lykas foarlein binne de lés te tiid allinne mar tanommen. It jild rekket net wei. 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan (ferlinging) kontrakten ynhier tredden 1e kwartaal 2009 By dit punt nimt de hear Hemminga it foarsitterskip oer. Mefrou Veldstra (FNP): Oangeande de kontraktferlinging ynhier tredden yn it earste fearnsjier 2009. It stribjen is de ynhier fan tredden binnen it budzjet op te fangen en dat is in komplimint wurdich. Dochs wurdt der in foarbehâld makke. Wat kin men noch ferwachtsje? De konsernkont- rôle rint oant 1 febrewaris. Wurdt dat opnij ferlingd? De hear Bouma (VVD): Men soe neffens it foarstel gjin ekstra kredyt nedich hawwe. Dochs is der soms wol in post foar ynhier tredden. In diel wurdt ynhierd foar de kombinaasje Fryske Marrepro- jekt en de brede skoallen. Foar it Fryske Marreprojekt stiet lykwols neat op de begrutting, útsein in pm-post. Kin men it net trochskowe nei de brede skoallen? Men docht in beslach op de post frijfal syktekosten. Is dat net prematuer? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Een jaar geleden had men nog een forse post voor in huur derden. Die staat nu op nul euro. Dat betekent niet dat er geen geld aan inhuur derden uit gegeven wordt. Men wil die kosten zo veel mogelijk laten vallen onder vrijval van ziektekosten of onder een project. Er moesten afspraken gemaakt worden voor het eerste kwartaal 2009 onder voorwaarde dat de raad ermee instemt. De concerncontrole. Per 1 februari neemt men afscheid van de heer Meulenbelt. Per 1 januari is er iemand in vaste dienst aangesteld die deze functie zal vervullen. De provincie betaalt de kos ten voor de concerncontrole. De hear Bouma (VVD): Der stiet neat foar it Fryske Marreprojekt yn de begrutting. Kin men it net better foar de brede skoallen ynsette? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Er is op dit moment een projectleider voor het Friese Merenproject. Het hangt van het toekomstige besluit van de raad over het voorstel af hoe dat verder ingevuld wordt. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan it totaaloersjoch ynhier tredden 2008 By dit punt nimt de hear Hemminga it foarsitterskip oer. Gjin fragen of opmerkingen. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.3 oantenmei 3.9 Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Presintaasje konsept-jierplan plysjeteam Wâld Wetter troch teamsjef de hear T. Hijlk- ema. Gelegenheid foar riedsleden om harren fisy te jaan. By dit punt nimt de hear Hemminga it foarsitterskip oer. De hear Hijlkema jout mei help fan sheets in presintaasje fan it konsept-jierplan fan plysjeteam Wâld Wetter. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 32