De hear Zijlstra (CDA): De ried soe boustiennen foar it konsept-plan oandrage wolle. It Onderwerp jeugd en feilichheid fûn er nochal repressyf fan aard. Men soe de problemen oan de foarkant foarkomme moatte. Is it mooglik om de ProKid-metoade yn te fieren? Dy foarseit it risiko fan kri- mineel gedrach. De hear Hijlkema: Men wurdt stipe troch in ôfdieling Jeugdzaken. It Onderwerp giet oer de oerlêst fan de jeugd en dan is de plysje derfoar om dat sa folie mooglik te beheinen. ProKid wurdt Ontwikkele yn Arnhem en men folget dat mei ynteresse. It sil lanlik útrôle wurde. Mefrou Veldstra (FNP): Op side 6 stiet dat it ophelderingspersintaazje fan stellen fytsen minimaal op 6% leit. Men hat ferline jier in oprop dien om yn Op 'e Hichte sjen te litten wat derfan werom komt. Is dêr wol wat mei dien? Op side 9 stiet dat der der 2 kear per jier mei de horeka oerlis is. Men soe de bewenners dêr ek by belûke moatte. Is dat bard? Binne de gemeentlike tafersjochhâlders der noch? Hoefolle wurdt der persintueel per internet oan- jûn? Binne der regelingen dat de fernieler de skea betelje moat? De hear Hijlkema: It publisearen yn Op 'e Hichte wie him net bekend, mar it liket him in goede suggestje. Fia chips kin men no better de eigners fan stellen fytsen opspoare. Der hat gjin spesjaal oerlis mei omwenners fan horekagelegenheden west. De buertagint hat wol kontakt mei de omwenners. It rint noch net sa hurd mei de oanjefte fia internet; it persintaazje wit er net. Men besiket wol fia de offisier fan justysje de skea op de dieder te ferheljen. De hear Bouma (VVD): It fernuvere de VVD wolris dat der safolle fytsen te keap oanbean waar den op it plysjeburo. Hoe ferrint it mei de HALT-saken? Hoefolle kwestjes fan âld en nij binne op lost? De hear Hijlkema: Hy hat dêr sa gjin sifers fan. Men besiket fia HALT-projekten de dieders te wi- zen op de konsekwinsjes en dat wurket neffens him goed. De hear Vellinga (PvdA): Yn de ynlieding steane 4 wichtige útgongspunten. Moat 'Fan kwantiteit nei kwaliteit' net wêze 'Kwantiteit en kwaliteit'? Der sit neffens him ek in tsjinstridichheid yn de fersterking fan de 'rijksbevoegdheden' en de fersterking fan de rezjyrol fan de gemeenten. Wat tinkt de hear Hijlkema fan it earste? Hoe leit men 'prioriteit' út? Is dêr in listke fan? Der is sprake fan in tal 'staandehoudingen'. Wat docht men as men noch in tal tekoart komt? De hear Hijlkema: De klam lei neffens him de léste jierren te folie op de kwantiteit en dêr hat ir regear in omslach yn makke. Hy kin net te folie oer de fersterking fan de 'rijksbevoegdheden' siz- ze. De gemeente krijt mear in rezjyrol en it jierplan fan de plysje wurdt derby in diel fan it ynte- graal feilichheidsbelied. It giet him seis net sasear om it heljen fan de oantallen, mar om de feilichheid. De hear Vellinga (PvdA): Yn feite is de kar al makke trochdat men tichter by de boarger stean wol. De hear De Visser (PvdA): Kontroleart men ek mear op it te hurd farren op it wetter nei oanlie- ding fan it ûngelok dizze simmer op it Prinses Margrietkanaal? Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgaarkomste 16 desimber 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 33