Wethâlder Van der Meulen: De kommunikaasje is yndied net goed ferrûn. Nei de simmer hat men de partijen útnoege, mar it is lestich om inoar te treffen. De ûnderhannelings mei de provinsje oer in bydrage rinne stroef. It kolleezje hie graach yn twa gearkomsten oer dit punt prate wollen. It is net slagge om der mei de provinsje út te kommen. Dêrtroch kin men no net mei in totaaloplossing komme en dêr biedt er syn ekskuzes foar oan. Men moat foar 1 jannewaris de saken regelje en dêrom wurdt it foarstel mieningsfoarmjend en beslútfoarmjend yn de ried brocht. Mefrou Dekker (PvdA): len en oar is noch net dúdlik oangeande de fartiden en de bydrage fan de provinsje. Is der net in mooglike oplossing fan in tydlik konvenant? De hear Van der Meer (GB): GB ziet de noodzaak er niet van in dat het per 1 januari opgelost moet worden. Wethâlder Van der Meulen: Men hie graach alles yn ien kear regelje wollen. Der is in lichte ferhe- ging fan de opbringsten. Mefrou Dekker (PvdA): Sy wol graach in antwurd op har fraach oer de mooglikheid fan in tydlik konvenant. Wethâlder Van der Meulen: Foar 2009 moast der fan de ried 20.000 euro besunige wurde op de pont. Hy tinkt dat it net helber is. As men der wat mear úthelje wol dan moat men sjen nei de fartiden en dat is tige yngripend. Dêrom hat it kolleezje in knip makke. No de tariven fêststelle en pas mei de diskusje oer de fartiden begjinne as men mei de provinsje útûnderhannele is. Men kin net mei in feroardering minsken ferplichtsje om in abonnemint óf te nimmen. De tariven wurde dus oplutsen en de fartiden bliuwe earst gelyk oant men dúdlikheid fan de provinsje hat. Mefrou Esser (PvdA): Yn de brief fan de Burdbewenners lést sy dat men de fartiden beheine wol mei 10 oeren. Wethâlder Van der Meulen: It moast dan wol keppele wurde oan de befriezing fan de tariven of it oanhâlden fan it konvenant. It oanhâlden fan it konvenant is gjin wei foar it kolleezje. En de be friezing fan de tariven liedt net ta de effektuearing fan de besunigings. As men der oeren óf hellet dan koartet de provinsje op de bydrage en dat soe mar sa'n 500 euro opsmite. Dêrom wol men de fartiden earst noch oanhâlde. De hear Van der Meer (GB): De provincie heeft daar dus een gat in geschoten? Wethâlder Van der Meulen: Dat is korrekt. Men mei neat oan de fartiden feroarje as dat gjin kon- sekwinsjes foar de bydrage hawwe soe. De hear Bouma (VVD): Is it in wetlike taak? Wethâlder Van der Meulen: De gemeente hat iens sa dom west om in pont oer te nimmen en dêr sitte de Burdbewenners en de gemeente mei. It is Onderwerp fan diskusje mei de provinsje. Mefrou Veldstra (FNP): Wat binne de konsekwinsjes as men dizze jûn net in beslút nimt? Wurde op dizze wize de minsken net wer de skoukes ynjage? Wethâlder Van der Meulen: De ried woe 20.000 euro besunigje. Hy riedt de ried oan om in beslút te nimmen want it konvenant rint óf. Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 36