De hear Seldenrust (FNP): Wat is de konsekwinsje as it konvenant ôfrint en der op 1 jannewaris gjin beslút leit? De hear Hemminga (GB): Wat is de winst as men tinkt oan de ûnrêst en de beswieren dy't der komme? De hear De Visser (PvdA): De feroardering bliuwt neffens him op 1 jannewaris bestean as men earder net in beslút nimt. Wethâlder Van der Meulen: As men it konvenant net wiziget dan soe de feroardering noch jildich wêze. As men yn de earste wiken fan jannewaris in abonnemint nimt foar hiel 2009 dan kin men soks neffens him net wegerje. De hear Van der Meer (GB): Hoe zeker weet de wethouder dit? Wethâlder Van der Meulen: Dat is foar him in logyske konklúzje. Hy soe wol mei syn meiwurkers graach eefkes oerlis hawwe wolle oer dit punt. Elk beswierskrift wurdt op syn merites beoardield mar as de ried in beslút nommen hat dan is de kâns fan tawizing fan in beswierskrift tige lyts. De foarsitter: Op verzoek van wethouder Van der Meulen schorst zij de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Van der Meulen. Wethâlder Van der Meulen: De konsekwinsje fan it net nimmen fan in beslút oer de feroardering soe dan wêze kinne dat men dan mooglik gebrûk meitsje kin fan de âlde abonneminten en dat fynt it kolleezje net winsklik. It kolleezje wol de feroardering fernije op it punt fan it keapen fan kaartsjes en de mooglikheid fan abonneminten wol men derút helje. De konsekwinsjes foar de bewenners binne dat men gjin farjild betellet foardat de feroardering fêststeld is. De opset is dat de abonneminten derút helle wurde. Dus hiel artikel 5 giet der út. De hear De Boer (PvdA): Komt it der dan net op del dat it besteande abonnemint jildich bliuwt oant de nije oanpassing der komt? Wethâlder Van der Meulen: Ja. De hear Van der Meer (GB): Van artikel 4 blijft dus alleen lid 4 en 5 overeind? Wethâlder Van der Meulen: Ja. De feroardering wurdt noch eefkes screend en nei it skoft kin men it der noch oer hawwe. De hear Van der Meer (GB): Waar valt een auto zwaarder dan 16 ton onder? Wethâlder Van der Meulen: Dy kin net oerset wurde. De foarsitter: De wijzigingen die het college voorstelt worden in de tekst van de verordening verwerkt. In de pauze kan men het bekijken en in het besluitvormende deel kan men het verder beoordelen. Twadde termyn Pagina 11 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 destmber 2008/ûdab/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 37