De hear Riemersma (FNP): De motors wurde om de 2 jier ferfongen en dat kin neffens him wol om de 3 jier. De iene pontskipper wurdt mear betelle wurde as de oare en dêr is dan ek noch wol wat winst te beheljen. De hear Van der Meer (GB): Er staat 'met duidelijkheid in het tariefstelsel als uitgangspunt'. Graag een toelichting daarop. Het gaat volgens hem om een financiële discriminatie. Wegen en fietspaden kosten ook veel geld. De hear De Visser (PvdA): Wêrom is it ferskil sa lyts tusken in trekker en in wein en in lúkse wein? Mefrou Veldstra (FNP): Oer hoefolle húshâldings giet it oangeande de fêste bewenners fan de Burd? Wurdt der noch in knip makke oangeande permaninte en rekreative bewenning? De hear Van der Sluis (VVD): Der moat in algemiene oplossing komme lykas in izeren tunnel by Goattum. Hat it kolleezje dat ûndersocht? It kolleezje moat mei de Burdorganisaasjes om de tafel. Wethâlder Van der Meulen: Hy nimt de suggestje fan de hear Riemersma mei. Men moat de cao neikomme. Soms makket men gebrûk fan ynfalkrêften. Men besiket it binnen de noarm fan de cao sa goedkeap mooglik te dwaan. De hear Riemersma (FNP): Hy nimt oan dat beide krêften ûnder de cao falie, mar dêr sit wol in ferskil yn. Wethâlder Van der Meulen: Men sil deroan wurkje. De rekkenkeamer hat de ried adviseard oer de feroardering. De hear Van der Meer (GB): Wat betekent dan 'de duidelijkheid in het tarievenstelsel als uit gangspunt'? Wethâlder Van der Meulen: Der hat in hiele diskusje west yn de ried nei oanlieding fan it rapport fan de rekkenkeamer oer it punt dat de kombinaasje fan konvenant en feroardering net dúdlik wie en dat hat laat ta it foarstel. Men hie it ferskil tusken auto en trekker mei wein heger meitsje kinnen, mar it moat wol binnen it reedlike bliuwe. It is net sa dat elke kear mei trekker en wein in plak fan in auto beset wurdt. It kolleezje is wol fan doel om rekken te hélden mei deselden dy't yn it ferline as fêste bewenner meibetelle hawwe oan de pont; dat wol men dwaan fia in oergongstaryf foar 5 jier. It kolleezje hat ûndersyk dien nei in tunnel; dat is noch net sa maklik en ferget in flinke ynvestea- ring. It makket wol ûnderdiel út fan it oerlis mei de provinsje. De foarsitter: As B-stik nei it beslútfoarmjende part. 3.4 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it oprjochtsjen fan 2 healfrijsteande wenningen op it perseel Rijksweg 84 yn Jirnsum Mefrou Esser (PvdA): It stiet der hiel suterich by en dêrom is de PvdA tige posityf oer it foarstel. Wethâlder Minkes: Sy is bliid dat dizze artikel 19 lid 1 proseduere dit kear goed fait. De foarsitter: As A-stik nei de ried. Pagina 12 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 38