3.5 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it oprjochtsjen fan in ligboxenstal, mestsilo en in werktuigenberging op it perseel Nûmer 2 yn Dearsum fia in frijstellingsproseduere artikel 19 lid 1 WRO De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.6 Foarstel om mei yngong fan 2009 struktureel 35.000 per jier beskikber te stellen foar útfiering fan de wetlike taken leerplicht en leerlingenadministratie Mefrou Veldstra (FNP): Der moatte struktureel ekstra middelen by. Wêrom is it net meinommen by de begrutting 2009? It is oerdien nei de gemeente Ljouwert en de kosten wurde folie heger as earder. Hoe sit dat presys? Mefrou Meinderts (CDA): It binne wetlike taken en kwa kosten sil der neffens har net in oare kar wêze. Sy begrypt út it fjild dat it oerlis goed ferrint. De hear De Boer (PvdA): De PvdA stiet posityf foar it foarstel oer. It is in goede saak dat it yn goede hannen by dit buro is. As in bern fan it spoar rekket, hoe pakt men it dan oan? Wethâlder Van der Meulen: It kostet mear omdat der ekstra oeren komme en der is sprake fan in heger nivo/hegere ynskaling. Der is in hiel team yn Ljouwert en dêrtroch hat men in goede beset- ting. Hy heart ek goede lûden út it fjild. As it mis giet mei in learling, dan wurdt besocht kontakt te krijen en wurdt de learling besprutsen yn it soarchadvysteam. Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): Wêrom is it net yn de begrutting opnommen? De FNP fynt it ek in goede saak dat it yn goede hannen is. Wethâlder Van der Meulen: It foarstel wie by de begruttingsbehanneling noch net definityf. It wurdt wol yn de maaitiidsnota opnommen. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om fêst te stellen de feroardering "cliëntenparticipatie Wmo Boarnsterhim 2008" De hear Looijenga (CDA): De kliïntepartisipaasje is in positive saak. Hy sprekt syn wurdearring út foar de minsken dy't har dêrfoar ynsette. Hoe wurde de leden fan de WMO-ried socht? De hear Riemersma (FNP): De FNP is wol wiis mei it foarstel. De feroardering soe per 1 jannewa- ris yn wurking gean moatte. Jout dat noch problemen omdat it noch yn de beslútfoarming moat? De hear De Jong (PvdA): De PvdA sluit zich aan bij de woorden van het CDA. Bij artikel 6, lid 3 is de verwijzing naar lid 3 wat ongelukkig. Bij artikel 8 staat de opmerking dat het college belast is met de uitvoering van het bepaalde in de verordening. Dat is volgens hem een overbodige opmerking. Wethâlder Minkes: Men wol de minsken derby belûke en dêrom is der omtinken foar de kliïnte partisipaasje. It model Mienskipssoarch hat wat ta Ontwikkeling bringe wollen. De WMO-ried wurdt fan boppen óf ynfolle; men tinkt O.o. oan de ANBO, frijwilligersorganisaasjes, de man- telsoarch en in link nei de tsjerken. Men wol in reedlik funksjoneel foarsitterskip. Men sjbcht rjochting Doarpswurk en wol op dy wize DB'en derby belûke. Pagina 13 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 39