Mefrou Dekker (PvdA): Wat is de fierdere proseduere? Wethâlder De Vries: Alle wizigings dy't de ried foarlein hat, wurde yn it nije stik ferwurke en dat komt by de ried werom. 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan de Integrale Nota Sportbeleid Gemeente Boarnster- him De hear Looijenga (CDA): It is in ynformearjend riedsfoarstel en it spitich dat men gjin mienings útwikselje kin. Men hoecht net hyltyd opnij it tsjil út te finen. Miskien kin men neffens him yn sportstêd It Hearrenfean ideeën opdwaan. Sport is tige wichtich foar de mienskip. It CDA is ek foarstanner fan yntegraasje fan ûnderwiis en sport. Alle skoalbern yn de gemeente soenen fan it belied profitearje moatte kinne. De hear Seldenrust (FNP): De FNP is ek wiis mei de nota. It is lykwols noch net op jild set. Is it nij belied? Of is it in fierdere útwurking fan it yn 2007 fêststelde akkommodaasjebelied? Of is it in behearsplan? Hy tinkt dat der yn de takomst mear jild by moat. Is dêr wol jild foar? De hear Hemminga (GB): Der moat noch hiel wat útwurke wurde. Men moat de kommende jier- ren op de sportbudzjetten besunigje. Wat foar konsekwinsjes hat dat û.o. foar de sport en de brede skoalle? Men moat net mei in grut boekwurk oankomme, mar mei in kearneftich ferhaal sûnder al tefolle jargon sadat it by de sportferienings te behappen is. De hear De Boer (PvdA): It is in oanset foar in goede startnotysje. De PvdA is wol wiis mei de folsleinens fan it ferhaal en is nijsgjirrich nei de nota. Komt der yn 2009 noch wol in skep yn de grûn om wat oan de akkommodaasjes te dwaan? Men soe der net allinne oer prate moatte. De hear Bouma (VVD): As men effektyf wat dwaan wol dan moat men sicht op de finânsjes hawwe. Wannear komt dêr helderheid oer? Wethâlder De Vries: Yn de begrutting stiet wat der foar sport beskikber is. Men moat in goede fyzje hawwe op de sport; dêr komme de doelen út fuort. It is de keunst om de ferbinings te sykj- en mei û.o. de WMO en it ûnderwiis. Der hat oerlis west mei de SAR en dy is wiis mei de wize fan oanpak. Yn de folgjende stap komme de finânsjes oan de oarder. De hear Hemminga (GB): Hy wiist derop dat men de ambysjes net te heech stelle moat. Wethâlder De Vries: Men moat yndied realistysk bliuwe. Men is dwaande mei in ynhelslach op it mêd fan de akkommodaasjes. Mei de nota wol de gemeente dúdlik meitsje hoe't men tsjin de sport oansjocht. De ried kin letter op it útfieringsprogramma stjoere. It dus gjin behearsplan mar in fyzje. Sa'n behearsplan sit mear yn bygelyks de skou fan de sportf- jilden. De ried moat de kar meitsje oangeande de ambysjes en de finânsjes. De hear Seldenrust (FNP): De ried hat net folie mear te kiezen. Der sil besunige wurde moatte. Wethâlder De Vries: It is him dúdlik dat de ried effektyf mei it belied omgean wol. Men sil besyk- je om it sa kompakt mooglik te formulearjen. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan it ûntwerpbestimmingsplan Lytse Doarpen Mefrou Meinderts (CDA): De opmerkingen fan de doarpen sille opnommen wurde troch it stede- boukundich buro. It CDA soe graach hawwe wolle dat it útoefenjen fan in berop oan hûs makliker opset wurde kin. Soks kin in goede ynfloed hawwe op de wenomjouwing. No kin soks allinne fia Pagina 4 1 03 ferslach riedsgearkomste 13 jannewaris/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 10