rrijstelling binnen it bestimmingsplan. Men soe it dus yn it nije bestimmingsplan opnimme moatte dat it wol mei; it kolleezje soe fansels wol bepaalde betingsten fêststelle moatte. De hear Van der Meer (GB): Het klinkt alsof het alleen maar voordelen heeft. De hear Bouma (VVD): Hoe sjocht it CDA dan oan tsjin de eardere oanfraach fan in massaazjesa- lon? Mefrou Meinderts (CDA): Der kinne aktiviteiten wêze dy't net winsklik binne foar de wenomjou- wing. In bedriuw oan hus soe meie moatte ûnder bepaalde betingsten. De hear Van der Meer (GB): Dan wil men er dus wel veel regeltjes om heen maken. Mefrou Meinderts (CDA): Men kin it no yn ien kear yn it bestimmingsplan fêstlizze en dan is men krekt hiel wat regeljouwing kwyt. Mefrou Dekker (PvdA): Men soe it der nochris oer hawwe moatte kinne. Der binne proefgebieten dêr't soks tastien is en sa'n opset soe men foar Boarnsterhim ek tapasse kinne. Mefrou Meinderts (CDA): Sy is dêrfan op 'e hichte en se wiist bygelyks op de oanpak yn Deven ter. Der soenen yn it bestimmingsplan ek mear mooglikheden foar bygebouwen wêze moatte. De hear Van der Sluis (VVD): Binne dizze saken no wol oan de oarder? Dat komt dochs by it ûntwerpbestimmingsplan wol yn de ried oan de oarder? Mefrou Meinderts (CDA): It CDA soe pleitsje wolle foar mear de mooglikheden foar bygebouwen. Sy wol graach witte wat de oare fraksjes derfan fine; dan kin dat fuortdaliks ferwurke wurde. De hear Riemersma (FNP): De FNP is bliid dat dit foarleit. It ferfangt sa'n 20 âlde bestimmings- plannen. De hear Van der Sluis (VVD): It moat no op besjen lein wurde en dan moat men de reaksjes ôf- wachtsje. It kolleezje moat der rjochting boarger goed omtinken oan jaan. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA is ek wiis mei it foarstel. It hie wol wat 'handzamer en kern achtiger' kinnen. Guon dingen geane neffens him wat te fier en foegje neat ta. Guon saken hien- en der better net yn stean kinnen lykas de masinefabryk yn Friens en de skipswerf yn Warten. Men moat eins yn in bestimmingsplan gjin nammen fan bedriuwen brûke. Beskriuw it op in wize sadat alle doarpen adekwaat beskreaun wurde. De nije wet RO is al yngongen. Yn Reduzum soe men wol bedriuwen oan hûs hawwe wolle. It moat dan wol neffens skaal en mjitte wêze. Wethâlder Minkes: Op 20 jannewaris is der in ynrinjûn. Men moat der yndied foar oppasse dat men net alles mei namme en tanamme neamt. Ynkoarten komt der in rapportaazje hoe't it de ak- tualisaasje der yn totaal foarstiet. It bestimmingsplan mei ek wer net al te abstrakt wêze. Der binne regelingen foar bedriuwen oan hûs; der is ien format foar alle bestimmingsplannen. Fia in binnenplanse frijstelling kinne guon saken regele wurde. Men moat binnen de doarpen mei elkoar in oardering sykje. It yn 2006 fêststelde planologysk belied is fertaald yn it bestimmingsplan. Men moat wol altyd de eagen iepen hâlde foar nije ûntwikkelings, lykas dy bygelyks yn Deventer plakfine. Pagina 5 1 03 ferslach riedsgearkomste 13 jannewaris/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 11