De hear Vellinga (PvdA): Waarom staat er in het plan dat de dorpsvisies geen invloed hebben op het bestemmingsplan? Wethâlder Minkes: Men hat yn july oerlis mei de DB'en. Alle nije ûntwikkelings passé lykwols net yn de aktualisaasje fan de bestimmingsplannen. De hear Vellinga (PvdA): Men soe dochs eefkes sjen moatte nei de omskriuwing. Wethâlder Minkes: De reaksjes fan de PB'en wurde neist de oare reaksjes meinommen yn de reaksjenota. Dy komt werom by de ried. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer wurklistpunt 3.2 Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen oangeande it plangebiet Oan 'e Poel en it plangebiet Waterpark Sneekermeer Mefrou Esser (PvdA): Men soe neffens ôfspraak by elk tariedingsbeslút in kaartsje dwaan. De hear Riemersma (FNP): De FNP is it iens mei it foarstel. Op 2 septimber mochten der 42 hu- zen boud wurde. It terrein koe nea grutter wêze as 1 hektare en 699 kante meter. It is no ynie- nen 1,16 hektare grut. Hoe sit dat? Wethâlder Minkes: Sy sil de ried dêr noch skriftlik oer ynformearje. Oer it bylizzen fan in kaartsje moat men by de griffy wêze. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Der stiet 'Beide plannen zijn als bijlage bijgevoegd'. Dy wienen der ly kwols net by. Wethâlder Minkes: Dat hie wol barre moatten. Foar de beslútfoarming sil der in kompleet pakket foarlizze. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Der is 10 minuten skoft. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 oantenmei 4.6 Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it oprjochtsjen fan 2 healfrijsteande wenningen op it perseel Rijksweg 84 yn Jirnsum De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it oprjochtsjen fan in ligboxenstal, mestsilo en in werktuigenberging op it perseel Nûmer 2 yn Dearsum fia in frijstellingsproseduere artikel 19 lid 1 WRO De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel om mei yngong fan 2009 struktureel 35.000 per jier beskikber te stellen foar útfiering fan de wetlike taken leerplicht en leerlingenadministratie Pagina 6 1 03 ferslach riedsgearkomste 13 jannewaris/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 12