Stelt Gemeente Belangen 2000 voor het raadsvoorstel als volgt te wijzigen: De tekst van het voorstel te vervangen door: 1Herroep het bestreden besluit van de Raad van 24 juni 2008, bekendgemaakt 2 juli 2008 en besluit het verzoek in het bezwaar van de heer JR Galama in te willigen, met dien ver stande dat de namen van de betrokken bedrijven en architecten worden doorgehaald alvo rens deze stukken aan bezwaarder worden verstrekt. De hear Bouma (VVD): De VVD is net fan gedachten feroare; men soe dus it advys fan de Kom- misje Berop en Beswier opfolgje moatte. De VVD stiet achter it amendemint fan GB. It kolleezje soe it advys oer de iepenbierheid oernimme moatte. De hear Seldenrust (FNP): De beslútfoarming oer de geheimhâlding op 1 april is pas op 23 april wer troch de ried oannommen. Dêrom fynt hy it in 'gekunstelde' yngreep. Mefrou Dekker (PvdA): Sy wiist derop dat de Kommisje Berop en Beswier de ried oansprekt op de ferkearde oanpak. It kolleezje krige doe de opdracht om it te reparearen. De hear Seldenrust (FNP): Dat is wier. De FNP hat lykwols genôch warskôge dat it oars moatten hie. Men hoecht in advys fansels net oan te nimmen. Mar dat der dan wiisd wurdt op in mooglike gong nei de rjochter of de Rie fan Steat is hooplik gjin oanwizing om dy rjochtsgong te folgjen. Hy tinkt dat de FNP-fraksje achter it amendemint fan GB stean kin. De foarsitter: Op fersyk fan mefrou Dekker ûnderbrekt hy de gearkomste. De foarsitter: lepent de gearkomste wer en jout it wurd oan mefrou Dekker. Mefrou Dekker (PvdA): It soe goed wêze om de arguminten fan de portefúljehâlder te hearren. Men hat as ried te let west om de geheimhâlding te befestigjen. Wat binne de krekte konse- kwinsjes foar de finansjeel al sa kwetsbere gemeente? Komme der skeaclaims? En soe dat de fu- ortgong fan de brede skoallen frustrearje kinne? It soe ek in algemien belang wêze kinne dat men gjin skeaclaims krijt. De PvdA is wol foar iepenbierheid, mar wol net problemen krije mei de fu- ortgong fan de brede skoalle en stipet it amendemint dus net. De hear Riemersma (FNP): De beswiermakker hat dus wol gelyk, mar om de sinten kin men him dus gjin rjocht dwaan? Mefrou Dekker (PvdA): Elkenien hat rjocht op it meitsjen fan beswier. Mar men moat soms ôfwa- gings meitsje en sy wol de fuortgong fan de brede skoalle net yn 'e wei stean. De hear Riemersma (FNP): Men hat neffens him it rjocht of men hat it rjocht net. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat it oer it algemien belang; men hat gjin ferlet fan skeaclaims. De hear Seldenrust (FNP): Soenen fierdere rjochtssaken de gemeente, en dermei it algemien be lang, net mear skea tabringe kinne? Mefrou Dekker (PvdA): Men moat no in ôfwaging meitsje op dit momint. Elkenien hat it rjocht om nei de rjochter te gean. Pagina 9 1 03 ferslach riedsgearkomste 13 jannewaris/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 15