Je hear Zijlstra (CDA): Hy hat de arguminten oer de ferskillende belangen beharke. It CDA is der iet fan oertsjûge dat iepenbierheid gjin problemen jaan sil mar wol fan de risiko's dy't de iepen- bierheid mei him mei bringt en dêrom is it CDA tsjin it amendemint. De foarsitter: Hy stelt fêst dat it amendemint mei 7 stimmen foar (fracties FNP, VVD en GB) en 9 stimmen tsjin (fracties PvdA en CDA) fersmiten wurdt. Bringt it foarstel yn stimming. It foarstel wurdt mei 9 stimmen foar (fracties PvdA en CDA) en 7 stimmen tsjin (fracties FNP, VVD en GB) oannommen. Der wurdt konfoarm it foarstel besletten. 4.9 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Bouma (VVD): Reeds lange tijd wordt er met het bestuur van de GWS overlegd over de verplaatsing van deze Verenigingshaven van de huidige plek naar een plek op de Blikpole, echter tot heden zonder zichtbaar resultaat. De GWS heeft mandaat van haar leden om dit met gesloten beurzen te realiseren. Vragen: 1- waarom wordt het destijds genomen besluit niet uitgevoerd 2- is het juist dat eventuele meerkosten i.v.m. btw voor rekening komen van de GWS 3- worden er aanvullende voorwaarden aan GWS gesteld die niet tot de oorspronkelijke overeen komst behoren 4- wat zijn die aanvullende voorwaarden 5- kan deze verplaatsing, voor GWS, nog met gesloten beurzen gerealiseerd worden? 6 -zo niet :hoe groot is het gat in de begroting: m.a.w wat gaat het extra kosten om realisatie van dit plan alsnog mogelijk te maken 7- komt het College hiervoor bij de Raad terug voor een extra krediet Wethâlder De Vries: It kolleezje komt mei in foarstel nei de ried dêr't de ferpleatsing fan GWS in ûnderdiel fan is. Der komt noch fierder oerlis mei GWS. Hy hie de yndruk dat it oplost wurde koe. Flak foar de Kryst hat der in petear west mei it bestjoer fan GWS. De gemeente hat de stânpun- ten op papier set en dy ynformaasje hat de ried ek krige. Men wol graach de plannen foar it Wet- terfront realisearje. De ferpleatsing fan GWS nei de Blikpole wie dêr ûnderdiel fan. Wat men no hat, komt yn de nije haven werom. Wat der boppe op komt, kin net foar rekken fan de gemeente wêze. It giet om de winske útwreiding fan plakken; men soe elk de helte fan de kosten betelje. Mar der is wat ferskil oer de berekkening fan de werklike kosten. It bestjoer fan de GWS sit mei it mandaat dat men fan de leden meikrige hat. De gemeente wol lykwols fêsthâlde oan de wize fan berekkening. It soe neffens GWS net mooglik wêze moatte dat der oare mooglikheden foar aktiviteiten op it âlde plak komme. As men lykwols Grou as wettersportsintrum goed op de kaart sette wol dan soe men mear romte jaan moatte foar passanteplakken. Men moat jin dy romte dan ek net ûnt- nimme litte en dat beheinende artikel wol de gemeente dan ek net yn de oerienkomst opnimme. It bestjoer fan GWS wol dat earst oan de leden foarlizze. Oangeande de btw-kwestje. Men draacht wetter en lân oer en wer oer. Men hat gjin romte mear binnen de rûzing en de 19% fan de btw wol de gemeente brûke om de fasiliteiten fan de havens op peil te bringen. Men hat de fiskale mooglikheden ûnder eagen hân en foar GWS is it besprek- ber. Men sit wol yn in bestjoerlik trajekt mei de provinsje en men wit net noch net krekt wat de finansjele gefolgen binne. It trajekt mei GWS is neffens him helder ferrûn. De hear Bouma (VVD): Miskien kin men noch fierder skriftlik útlis krije oer de fragen. Yn de brief oan GWS stiet 'mocht de verplaatsing niet haalbaar zijn voor u dan wil ik mij in het bestuurlijk herijkingsoverleg sterk maken voor een andere invulling van uw verenigingshaven in het Water front'. Wat hâldt dat yn? Pagina 11 1 03 ferslach riedsgearkomste 13 |annewaris/odab/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 17