BOARNSTERHIM Griffie Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 13 jan- newaris 2009 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear A.G.M. Rutten De riedsleden: fan de PvdA: mefrou P.M. Esser, mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen B. de Jong, T. de Boer, H. Vellinga, J.W. de Visser fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hear A.J. de Vries Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris) Mei kundskip ófwêzich: de hearen D. van der Meulen (wethâlder) en R. van der Woude (PvdA) 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De voorzitter opent de eerste raadsvergadering van 2009. Zij heet alle aanwezigen en de luiste raars van de Boarnsterstim welkom. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De hear Seldenrust (FNP): By de meidielings mist de FNP in meidieling oer Tusken de Marren en GWS. Graach in taljochting fan de wethâlder dêrop. Wethâlder De Vries: Der binne skriftlike fragen fan de VVD binnen kommen oer de ferpleatsing fan GWS en oan de ein fan de gearkomste wol er dêr op yngean. Ynkoarten kin er wat mear meidiele oer de stân fan saken oangeande camping Tusken de Marren. Der is sicht op goed nijs. De foarsitter: De agenda wordt conform vastgesteld. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 2 desimber en 16 desimber It ferslach fan 2 desimber Mefrou Meinderts (CDA): Op side 8 moat stean dat it Onderwerp in protte raakflakken hat (yn- stee fan draachflak). De hear Riemersma (FNP): Op side 13 moat Nei de ynsprekker ta wêze Nei de hear Vellinga ta. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wizigings goedkard en fêststeld. It ferslach fan 16 desimber 1 03 ferslach riedsgearkomste 13 iannewaris/odab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 7