2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan "gewijzigde verkoopvoorwaarden inzake verkoop bouwgrond" De hear Hemminga (GB): GB mist in skjinnegrûnferklearring. In gemeente moat soks seker op- nimme yn de ferkeapbetingsten. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is der net sa bliid mei dat der gjin skjinnegrûnferklearring by is. As it ferskil (ûnder- en boppemaat) net grutter is as 5% dan hoecht it neffens it kolleezje net ferrekkene te worden. Dat kin neffens de VVD wol better, want it kadaster kin frij maklik de eksakte maten opnimme. Men moat it ferskil dus wol ferrekkenje. It is yn it stik ek net altyd yn earste ynstânsje dúdlik wêr't de 'erfdienstbaarheden' lizze. De hear Seldenrust (FNP): De FNP hat net safolle opmerkingen. It anty-spekulaasjebeding is net fan tapassing by 'niet zijnde bouwterreinen'. Wêrom is dat der dêr útlitten? Hy slút him fierder oan by de foarige sprekkers oangeande de skjinnegrûnferklearring. De hear Vellinga (PvdA): Hy is bliid dat it stik der leit. Oangeande de skjinnegrûnferklearring: De gemeente is wol ferantwurdlik foar mooglike ferburgen gebreken. By de ferkeap fan bouterreinen stiet in yndeksearring fan 2006. By de 'niet-bouwterreinen' stiet de yndeksearring wol op 2009. Set dy beide op 2009. Wethâlder De Vries: Men hat te meitsjen mei drege juridyske stikken. Hy wol der noch wolris mei de ófdieling nei sjen oft ien en oar dúdliker beskreaun wurde kin. De yndeksearring fan 2009 is noch net bekend. Sagau't dat bekend is dan sil er fia de e-mail de ried ynformearje. It anty-spekulaasjebeding is by net-bougrûn net sa needsaaklik, omdat de mooglikheden foar sok- ke grün net sa grut binne. It kolleezje fûn de 5%-ôfwiking (ûnder- en boppemaat) in goede basis, mar hy sil de de fraach fan de hear Van der Sluis meinimme en der skriftlik op weromkomme. Dêr wêr't it wetlik net ferplichte is wol de gemeente gjin skjinnegrûnferklearring opnimme. It is dan foar risiko en rekken fan de aspirant-keaper. De hear Van der Meer (GB): Het is toch een wettelijke eis? Wethâlder De Vries: In boaiemûndersyk kostet al gau sa'n 500/600 euro en dêrta hat men wetlik gjin ferplichting. De hear Van der Sluis (VVD): Is men dan net mear ferplichte by ferkeap fan in kavel in skjinne- grûnferklearring te hawwen? Wethâlder De Vries: It hinget fan it sicht op de status fan de grün of. By elke ferkeap hat men de ferplichting om in ûndersyk te dwaan. De hear Van der Meer (GB): De gemeente hoeft dus geen bodemonderzoek te doen, maar blijft dus wel verantwoordelijk? Wethâlder De Vries: Net as men jin yndekt by de ferkeap. It giet hjir om lytse stikjes grün dêr't men de status net fan wit en dêr't it net leanend foar is. Hy wol de ried noch wol fierder skriftlik ynformearje hoe't it krekt sit mei de skjinnegrûnferklearring en it boaiemûndersyk. De hear Seldenrust (FNP): As de gemeente de oarsprong net wit dan wurdt by ferkeap de nije eigner dus ferantwurdlik? Wethâlder De Vries: Dat is krekt. It sil allegearre eefkes op papier set wurde foar de ried. Pagina 3 1 03 ferslach riedsgearkomste 13 jannewaris/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 9