Mefrou Dekker (PvdA): De ried is frege om oer de saak te praten. Oare wike tiisdei komt der útlis oer de finânsjes fan de brede skoalle. Wat fynt it kolleezje derfan dat der in ferdieldheid yn de ried is oer it momint fan behanneling fan de moasje? Is der oer 14 dagen in oare situaasje? De hear Seldenrust (FNP): Wat wol de PvdA mei de eigen moasje dwaan? Bliuwt de bepaling oer gjin wentebou yn Akkrum oereinstean wat foar ynformaasje der ek fan de kant fan it kolleezje komt? De hear Bouma (VVD): Dat is ek de betizing by de VVD. Men wol de prinsipe-útspraak oer it net bouwen opnij befestigje troch de moasje. Oer 14 dagen is der gjin soelaas neffens him. De hear Hemminga (GB): De ried wol in útspraak fan de portefúljehâlder oer it prinsipe fan it al of net tastean fan wentebou. Mefrou Dekker (PvdA): Dat wol de PvdA ek freegje. De hear Zijlstra (CDA): Neffens de moasje soe it kolleezje ek mei in oplossing foar de 9 ton kom- me moatte. Dêr soe it CDA mei it each op de gearkomste fan oare wike noch wol eefkes op wachtsje wolle. Mefrou Dekker (PvdA): Der stiet gjin datum yn de moasje. It kolleezje krijt dus de romte om mei in oplossing te kommen. De foarsitter: Schorst de vergadering om het college de gelegenheid te geven zich over de motie te beraden. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Minkes. Wethâlder Minkes: Elkenien wol de brede skoalle, mar der is in grut finansjeel dilemma. Sy hat net de bedoeling hân om it dilemma óf te wenteljen op de bewenners fan de Boarnsterdyk. As dat al sa oerkommen is dan wol sy har ekskuzes dêrfoar oanbiede. It kolleezje wol de moasje oernimme ûnder it betingst dat it kolleezje by steat wêze moat om oer in termyn fan 4 wike in akseptabel alternatyf te finen. Twadde termyn De hear Van der Sluis (VVD): De boekwearde fan de lokaasje Akkrum is 1.600.910 euro. De grûn hat neffens de boeken in wearde fan 755.559 euro. It ferskil sit him yn de ynvestearring, û.o. yn it bouryp meitsjen fan de grûn en de ûntslutingswei fan mei elkoar 845.000 euro. Dat is neffens him as ynvestearring in ófskriuwpost. Dêrtroch wurdt it bedrach fan 1 miljoen, dêr't de wethâlder it oer hat, in stik lytser. As men syn berekkening folget dan bliuwt der in tekoart oer fan sa'n heal miljoen. Wêrom is der gjin ófskriuwpost fan de ynvestearing yn de skoalle makke? De hear Seldenrust (FNP): It siert de wethâlder dat sy de hân yn eigen boezem stekt troch har ekskuzes oan te bieden foar har wurden yn Akkrum op de ynformaasjejûn. As it kolleezje no fynt dat men de moasje oernimme kin dan is dat de moasje dy't no foar leit. Hy soe foar in oanfolling op de moasje earst noch oerlis mei de fraksjes hawwe wolle. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat it yn de de ûnderbrekking dêr al oer hân. Kin de hear Seldenrust de oanfolling oanjaan? Pagina 7 1 03 ferslach riedsgearkomste 27 jannewaris/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 11