De voorzitter merkt nogmaals op dat de heer Doeser's betoog inhoudelijk is. De heer Doeser merkt op dat hij nog het een en ander had willen zeggen over de procedure en het proces, maar dat hij nu ophoudt met zijn betoog. De hear Zijlstra freget om in skorsing. De voorzitter staat dit toe voor een aantal minuten. Hij heropent de vergadering en merkt op dat in overleg met de heer Doeser is besloten dat zijn tekst vermenigvuldigd wordt en toegestuurd aan de raadsfracties. Hij geeft de raad het woord over agendapunt 3.3. De hear Van der Woude merkt op dat der al in soad sein en skreaun is oer de rapporten en dat jout hope foar it ynspraakproses. De PvdA hat him beheind ta de fraach oft dizze rapporten ynspraakryp binne. Dy fraach wurdt troch syn fraksje op dit stuit posityf beäntwurde. De PvdA hat earder dit jier al oanjûn foarstanner te wêzen fan in referindum. Mar de fraach is yn hokker foarm. PvdA kiest yn grutte halen foar it foarstel fan it kolleezje. Hy hat it oer it proses en net oer de ynhâld fan it proses. Hy giet derfan út dat de ynfolling fan de ynhâld plakfine sil yn nauwe gearwurking mei de rie. PvdA kin him foarstelle dat der in begeliedingsgroep, besteande út fertsjintwurdigers fan alle riedsfraksjes en it kolleezje komt, oanfolle mei ien of twa spesjalisten op dit mêd. Dy groep kin de ynhâld fan de petearen tariede en it proses begeliede, geregeld evaluearje en as dat nedich is op punten bystelle. Utgongspunt dêrby is dat de rapporten yntegraal de ynspraak yngean. Dat betsjut dat alle trije modellen út it rapport fan Wagenaar-Hoes besprekber binne. We kinne sa mear fan út boargers meikrije as fia in folksstimming, omdat dêrby gjin sprake is fan in ynhâldlik petear. As der doarpen binne dy't leaver yn in oar kluster wolle, dan moat dêr rûmte foar bean wurde. En mocht dizze rie op 1 5 desimber 2009 beslute om te kiezen foar in weryndieling, dan moat der rûmte foar de grinsgefallen wêze om har út te sprekken nei hokker gemeente se wolle. De hear Hemminga merkt op dat GB2000 ynstimme kin mei it foarstel fan it kolleezje, dat de rapporten yntegraal beskikber binne foar diskusje yn de doarpen, neffens it skema fan it kommunikaasjeproses dat oanjûn is. Hy merkt op dat der noch wol fragen wêze sille by de fraksjes dy't net foldwaande yn it rapport stean en dêr't se mear ynformaasje oer ha wolle en dy't wichtich wêze kinne yn de diskusje nei de doarpen ta. Hy wol graach dat it kolleezje dêr 14 dagen foar jout sadat se meinommen wurde kinne yn de diskusje nei de doarpen ta. Dat is goed foar de gedachtewikseling en dan krije we ek in goede útslach. We moatte dêr in goede termyn oan stelle en dan kin 1 5 desimber 2009 goed helber wêze. De hear Bouma seit dat de VVD ynstimme kin mei dit foarstel. De partij is benijd wat de ferskate boargers en doarpen derfan fine sille. It proses libbet, der binne al hiel wat stikken oer skreaun. It is fan belang dat krityske boargers har sechje dwaan kinne oer it rapport, sadat je dêr wer in konklúzje oan ferbine kinne. Hy fynt dat je mear jûnen organisearje moatte, at der in bepaalde klustering fan lytsere doarpen is en dat net út de ferve komme kin. Frou Veldstra merkt op dat it riedsútstel útgiet fan twa opsjes: Boarnsterhim folslein weryndiele mei Ljouwert, of Boarnsterhim opdiele mei in part nei Ljouwert en in part nei It Hearrenfean, mei in tal lytse grinskorreksjes. By it fêststellen fan de wurklist hat sy al oanjûn dat de FNP dit foarstel yn dizze gearkomste allinnich mieningsfoarmjend oan de oarder wol stelle en net beslútfoarmjend. Yn de rapportaazje stean trije alternativen neamd: selsstannich mei yntinsive gearwurking, weryndiele mei Ljouwert en weryndiele mei Ljouwert en It Hearrenfean mei grinskorreksjes. Se tinkt dat Van der Woude sein hat dat de opsje selsstannich Boarnsterhim ek de ynspraak mei yngean moat. Hat se dat goed begrepen? De hear Van der Woude merkt op dat er sein hat dat de rapporten yntegraal de ynspraak yn kinne. Alle trije modellen moatte besprekber wêze foar de befolking, fynt PvdA. Frou Veldstra seit dat de FNP it dêr folslein mei iens is. At je dy opsje net meinimme, binne je net folslein. Boargers moatte wol dúdlik meitsje kinne wat sy fine fan dizze gemeente. In selsstannich Boarnsterhim komt te min út dizze rapporten. We nimme it wol mei yn de ynspraak, mar de finansjele analyze ûntbrekt. Der wurde allegear punten neamd, wêrtroch't Boarnsterhim miskien net mear besteansrjocht hat. Pagina 2 1 03 Bylage by beslútlist Ferslach riedsgearkomste 22 septimber 2009 oer bestjoerlike tdkomst/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 10