De hear Hemminga merkt op dat dit in ynhéldlike beskôging is. De voorzitter zegt dat dat inderdaad zo is. Frou Veldstra seit dat se har beskôging dan feroarje moat. De FNP fynt it wichtich dat de trije alternativen yn petear komme, mar moat dat dan op de petearjûnen wêze? De fraksje fynt dat de kommunikaasje derop rjochte wêze moat om de ynwenners objektyf te ynformearjen. Alle opsjes moatte iepen wêze en doarpen moatte harsels útsprekke kinne. Petearen yn sên doarpen jout net in folslein byld oan de ynwenners fan dizze gemeente. Dêrom pleitet de FNP foar de tredde kear derfoar om in referindum te hélden, en wol mei de ferkiezings fan maart 2010. Yn april hat de partij ek in moasje yntsjinne om in referindum te hélden. De hear Van der Woude freget oft frou Veldstra dan in referindum bedoeld yn de foarm fan in folksstimming of in oar soarte referindum. Frou Veldstra merkt op dat we de foarm noch mei ús allen betinke kinne. We moatte dêr ek spesjalistyske help foar ynroppe. De partij fynt dat de boargers de gelegenheid ha moatte om harren útsprekke te kinnen. Se tinkt dat op de jûnen, oft dat der no sén, acht of tsien binne, yn trochsnee miskien 30 minsken de jûn komme. Dan komme der yn totaal sa'n 200-250 minsken en dat fynt de partij te min. It opkomstpersintaazje mei de ferkiezings is meastal tusken 60 en 70 persint. Dêr kin je folie mear minsken mei berikke. De hear Van der Woude konstatearret dat frou Veldstra doelt op in referindum yn de foarm fan in folksstimming. Frou Veldstra seit dat er dêr gelyk oan hat. It proses giet te rap, fynt de FNP. Dêrom trúnt de partij oan op it organisearjen fan in referindum en dan tagelyk mei de riedsferkiezings fan 2010. De hear Van der Woude wol fan frou Veldstra wite wat foar soarte referindum it dan wurde moat, in beslissende of in advisearjende oan dizze rie. Frou Veldstra merkt op dat der ferskate foarmen binne: binende en net-binende, mar dêr moatte je spesjalistyske help by ynroppe. De hear Van der Woude wol wite wat de foarkar is fan FNP. Frou Veldstra tinkt dat we dêr mei ús allen as rie oer prate moatte. De hear Van der Woude fynt datde FNP no dúdlik meitsje moat foar hokfoar referindum de partij is, at we in yspraakproses yngean mei in einpunt. De PvdA kiest foar in beslútfoarming troch dizze rie op 15 desimber 2009. Is it referindum binend foar dizze rie of is der dan noch rûmte foar dizze rie of foar de nije rie om in apart beslút te nimmen, ôfwikend fan de útkomst fan it referindum. Hy fynt dat de FNP no helder wêze moat. Frou Veldstra fynt dat in punt foar in oar momint. Sy fynt dat we dêr mei ús allen as rie oerienstimming oer fine moatte. De hear Van der Woude seit dat at de FNP no it útstel docht om dit Onderwerp hjoed net beslútfoarmjend oan de oarder te stellen, dan moat de partij no sizze hokfoar referindum der neffens har komme moat. Oars kinne wy dêr net in fundearre beslút oer nimme, sa seit de sprekker. De hear Riemersma merkt op dat de FNP júst sein hat de beslútfoarming no net plakfine litte te wollen, omdat we te min tiid ha. At de beslútfoarming plakfynt, dan heart de rie de miening fan de FNP. We sitte noch yn de mieningfoarmjende faze. It giet te rap, it is net niks, want it giet om de takomst fan Boarnsterhim, fynt de partij. Dêrom wol FNP jûn noch net beslute. De fraksje wol oer fjirtjin dagen beslute hokfoar referindum at der komme moat. De hear Seldenrust merkt op dat er him oanslút by syn partijgenoat. De hear Van der Woude merkt op dat we ôfpraat ha dat we yn dit mieningsfoarmjende part in beslút nimme oft we it fannejûn beslútfoarmjend behannelje sille of net. De rie hat rjocht op de dúdlikens fan de FNP om in ôfwaging meitsje te kinnen oft we it fannejûn wol of net beslútfoarmjend behannelje. De voorzitter stelt voor dat een lid fan de FNP nog eenmaal reageert en dat we dan verdergaan met de discussie met andere sprekers. De hear Seldenrust merkt op dat de FNP de hear Van der Woude no gjin dúdlikens jaan kin oer hokfoar referindum, omdat de partij dêr ynhêldlik noch net oer prate kinnen hat. De partij wol Pagina 3 1 03 Bylage by beslútlist Ferslach nedsgearkomste 22 septimber 2009 oer best|oerlike takomst/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 11