De voorzitter vraagt nogmaals of de FNP het ermee eens is dat we straks besluitvormend over dit onderdeel gaan praten. Frou Veldstra seit dat de foarsitter tasein hat dat de rie fragen stelle kin oan de buro's en dat we dêr de antwurden op krije. Dat kin de partij miskien oer de streek helje. De hear Zijlstra merkt op dat dit foar it CDA as A-stik trochkin nei it folgjende part fan de gearkomste. De fraksje kin ynstimme mei it idee út de rie fan in klankboardgroep om it proses te begelieden. It CDA stipet it argumint fan de hear De Visser dat ek it amtlike apparaat gau dúdlikens ha moat. De voorzitter concludeert dat wij dit onderwerp straks in het besluitvormend deel terugkrijgen als bespreekpunt. 4. BESLÚTFOARMJEND 4.7 Oanbiedingsbrief en rapport Bestuurlijke Toekomst Foarstel oer: - beskikberstelling rapporten foar petear mei de mienskip - ynstimming mei kommunikaasjeproses De hear Van der Woude merkt op dat der yn it mieningsfoarmjend part in tal tasizzings dien binne en dy wol er út namme fan syn fraksje graach fersulverje. Under betingst dat 1) alle trije ûndersochte opsjes Onderwerp fan ynspraak wêze sille, 2) de riedsleden noch in skriftlik fragerüntsje krije en dat de buro's noch in reaksjenota skriuwe, dy't op deselde wize ferspraat wurdt as de oarspronklike rapporten, 3) der in rezjygroep út de rie gearstald wurdt dy't him dwaande hâldt mei de ynhâid en de begelieding fan de petearen, 4) der foldwaande rûmte is om de foarstelde yndieling fan de doarpen oan de winsken fan de doarpsbelangen oan te passen, is de PvdA-fraksje akkoart mei it útstel. De voorzitter zegt dat het college geheel in de geest zoals de heer Van der Woude heeft gezegd zal handelen. Hij wil het voorstel in stemming brengen, tenzij er behoefte is aan een tweede termijn. Frou Veldstra merkt op dat it in nuvere jûn is en dat de FNP him oars opsteld hie. We wisten net hoe't it rinne soe en dêrom hie de FNP in foarbehâld ferbûn om it beslút net falie te litten. De fraksje fynt dat de selsstannichheid fan de gemeente ûnderbeljochte is en is bliid dat dy opsje meinommen wurdt. De fraksje wol it proses net fersteure oant no ta. It giet derom de rapporten yn ynspraak te bringen en de jûnen te organisearjen. De boargemaster ha in soad tasein en de fraksje hâldt him dêr ek oan. De fraksje sil him yntern noch beriede oer it stellen fan de fragen en is benijd nei de antwurden. Persoanlik hie se in oare koers yn gedachten, mar as fraksje is besluten om mei dit útstel yn te stimmen. De fraksje is benijd nei de opkomst op de ynformaasjejûnen. Mooglik kinne wy dêr seis yn meistjoere. Dêrfan yn ôfwachting sil de FNP syn fierdere koers bepale. De hear Zijlstra is benijd oft de FNP ek yn de klankboerdgroep sitten giet. Frou Veldstra merkt op dat de fraksje dat noch net wyt. Der moat de fraksje him noch oer beriede. De voorzitter brengt nu het voorstel in stemming. Hij constateert dat er geen tegenstemmen of onthoudingen zijn en dat het voorstel met algemene stemmen aangenomen is. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 6 oktober 2009. utten Pagina 8 1 03 Bylage by beslútlist Ferslach riedsgearkomste 22 septimber 2009 oer bestjoerlike takomst/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 16