en het college hoopt in elk geval dit jaar nog helderheid te krijgen over hoe dat verder moet. De raad wordt daarover geïnformeerd. 2. Foarstel om in oanfraach yn te tsjinjen foar in oanfoljende útkearing út it "Gemeentefonds" (Artikel-12 Gemeentewet) 3. Foarstel oer de fisy op finansjeel "herstel" 2010-2015 (sanearringsfisy) Dizze beide punten wurde yn ien kear behannele. De hear Van der Woude merkt op dat yn it útstel finansjeel werstel stiet dat sjoen wurdt nei de oarsaken fan it ûntstean fan de negative reserve. En dan stiet der dat dat liede kin ta negative korreksjes. Hoe moat de PvdA dizze léste regel léze en ferstean? Kloppet it dat de mearjierresifers 2010-2015 eksklúsyf de artikel 12-bydrage, de te ferwachtsjen koarting op it gemeentefûns en de te ferwachtsjen reade potleadstreken fan de ynspekteur gemeentefinânsjes binne? At dat sa is, hoe heech skat it kolleezje dan de kâns yn dat de saneamde sanearringstaakstelling heger wurdt as de 4,8 miljoen dêr't no sprake fan is. De PvdA hat it idee dat de kâns op in hegere taaksanearring grutter is as in legere. Dielt it kolleezje dat gefoel? It kolleezje hat in foarset jûn hoe't dy 4,8 miljoen fuortwurke wurde kin. De partij freget him óf hoe reëel at dat is. Is in werstelperioade fan fiif jier yn de praktyk wol helber? At wy it ha oer in taakstelling fan 4,8 miljoen besunigje, is it de bedoeling dat soks al foar de earste kear folslein realisearre wurdt yn 2010? Of wurdt it bedrach fan 2010 óf stadichoan opboud oant it bedrach fan 4,8 miljoen yn 2015? De rie hat krekt ekstra jild frijmakke foar it begjin fan in ynhelslach yn stappen om it achterstallich ûnderhâld op in minder min nivo te bringen. Us wurdt no al wer frege om dat bedrach substansjeel werom te bringen. Kin it kolleezje him foarstelle dat dat us sear docht, freget de sprekker. Kloppet syn ynskatting dat de fêststelling fan de ûnderhâldsnivo's aanst net mear troch ús mar troch it Ryk bepaald wurdt? It kolleezje makket in nijsgjirrige opmerking yn it stik oer it kaderstellend foech fan de rie as it giet om de begrutting, benammen at wy de kêst 12- status ha. Kin it kolleezje yn it koart oanjaan hokker oare foegen fan de rie en mooglik ek fan it kolleezje seis ónder druk komme te stean as wy de situaasje fan kêst 12-gemeente ha? Kin it kolleezje dan ek ris neitinke oer deselde fragen, mar dan yn relaasje ta ús kontrolearjende funksje? Neffens de PvdA sil dat ek op tal fan saken net mear wurde as in lege huls. De hear Bouma merkt op dat de VVD foar it grutste part deselde fragen hat as de PvdA. De partij freget him ek óf at je sjogge nei de mearjierreramings yn 2015 en it tekoart, oft we dat net earder al ombóge moatte. De rol fan de rie wurdt feroare, dér hat de hear Van der Woude ek al nei ferwiisd. De foarnommen besunigings wurde yn grutte halen sketst. Yn hoefier is dér gebrók makke fan de plannen dy't it foarige kolleezje hie? Frou Veldstra beheint har ta punt 3.6.2. Neffens har is it útstel dat foarleit in technyske oanfraach foar in kêst 12-status. De earste stap dêrta wurdt no yn gong set. De FNP is tige benijd nei in ferfolchtrajekt en wachtet it fierdere proses en de projektoanpak óf. De hear Riemersma hat in opmerking oer punt 3.6.3. De globale fisy finansjeel werstel giet oer de perioade 2010-2015 en hy ferwachtet dat de 4,8 miljoen yn dy perioade realisearre wurdt. It ferskil mei it rapport Bouwmeester is dat wy in mindere opbringst yn de ónreplik saakbelesting ha wolle. Dat is fiif ton en dat klinkt de sprekker tige sympatyk yn de earen. Wy wolle noch wat ekstra's helje yn de hersjenning tarekkening yndirekte kosten fan 0,3 miljoen. Hy nimt oan dat it kolleezje dêr goed oer neitocht hat en dêr in mooglikheid ta sjocht. Bouwmeester lókt ek noch 2 miljoen út foar in lytsere ferheging, wylst wy útgean fan 2,2 miljoen. Dit lykje him heldere foarstellen; de FNP kin hijr wol mei libje. De hear Zijlstra seit dat it fersyk ta in artikel 12-oanfraach in logysk ferfolch is op it foarige agindapunt, de begrutting. It hie om it CDA wol in jier earder kinnen en hat dat ek oanjón. De partij hat wol de yndruk dat dat no dochs noch mei dóbele faasje regele wurdt en dat it ministearje ek fan plan is om dêroan mei te wurkjen. It CDA freget him noch wol óf oft in eventueel weryndielingsbeslút yn desimber effekt ha kin op dy artikel 12-jildstream, yn hichte en yn snelheid. Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 14