zeer ingrijpend zijn en dan volgt de discussie hoe diep je in je eigen vlees moet snijden. Dat is een
continue proces. N.a.v. de vraag van de heer Van der Woude zegt de voorzitter dat er op dit
moment geen standpunt ligt van de OR. Die heeft ook geen officiële positie hierin.
De heer Van der Woude zegt, mocht de OR voor 15 december wel een standpunt innemen dat hij
dat graag voor die tijd zou willen weten.
De voorzitter zegt dat hij daarvan op aan kan.
Twadde termyn:
De hear Van der Woude merkt op it proses fanôf 22 septimber hiel wichtich west hat, mar de
reaksjes yn de earste ronde ha har wat beheind dêrta, ta de finansjele situaasje en al of net oer
de ferkiezings hinne tille. Europa hat ek effekten op ús, it Ryk en de VNG ek. Wat komt der de
kommende jierren noch op ús ta?
Frou Veldstra seit dat der praat is oer de politike konsekwinsjes foar benammen GB2000 en FNP.
De partij soe de notysje betitele ha dat dy swak en net ûnderboud wie, omdat de partij dêrtroch
miskien gjin besteansrjocht mear ha soe, mar dat hat foar de FNP gjin argumint west. De
ûndersikers fan WagenaarHoes ha dat hjiryn sein, mar de FNP tinkt der seis noch wol better
útkomme te kinnen. Moarn of oaremoarn krije we it útstel fan it kolleezje. Se hopet dat dêr dan
ek wat fan fannejûn yn meinaam is. 15 desimber ha we de kâns om moasjes en amendeminten
yn te tsjinjen en dy sille der ek komme fan de FNP. De partij is fan miening dat we op 15
desimber noch gjin beslút nimme kinne oer weryndieling. De partij hat altyd foar de
selsstannichheid pleite en wol dat ek sa lang mooglik oerein hâlde. As bliken docht dat
selsstannichheid absolút net oan de oarder is, dan kin it bést wêze dat de FNP letter mei in
eventuele weryndieling ynstimme kin, mits der in goed ûnderboud ferhaal leit.
De hear Van der Woude freget - by ynterrupsje - oft de FNP op 1 5 desimber hielendal gjin beslút
nimme wol, of gjin beslút nimme wol om selsstannich te bliuwen.
Frou Veldstra seit dat it moai wêze soe om in beslút te nimmen om selsstannich te bliuwen. De
partij nimt leaver it beslút nei de ferkiezings.
De hear Zijlstra freget - by ynterrupsje - oft de moasjes en amendeminten ek nei dy winske
selsstannichheid ta gean.
Frou Veldstra seit dat dat ek fan it útstel fan it kolleezje ôfhinget.
De hear Zijlstra seit dat it kolleezje wol gau mei in foarstel komt, mar hy kin him foarstelle dat de
FNP it kolleezje de foarkar foar selsstannichheid noch meijaan wol.
Frou Veldstra jout oan dat dat ek fan de artikel 12-status ôfhinget, mar dat hiele proses kin
jierren duorje. Toan mar ris dúdlik oan wêrom't dizze gemeente net selsstannich fuortbestean kin.
De hear Zijlstra wol noch graach yngean op de rapporten fan Bügel Flayema en WagenaarHoes.
Dat binne njonken de mienings út de petearen wichtige boustiennen foar it stânpunt fan CDA. It
sosjaal-geografysk ûndersyk fan Bügel Hayema befestige wol wat der yn de doarpen oer sein is.
Ek it rapport fan WagenaarHoes kloppet foar it grutste part wol. Je kinne mei de opstellers yn
diskusje gean om der wat mear nuânse yn oan te bringen. De opset fan it ûndersyk nei hokker
type gemeente nedich is om wichtige opjeften útfiere te kinnen, hat goed west. En ek de fraach
wat dat betsjut oar de bestjoerlike takomst fan Boarnsterhim wie goed. Wat we fuortwurkje
moatte is de behearachterstân, de achterstallige situaasje yn de bedriuwsfiering, de finansjele
achterstén, de herstrukturearring en de bou fan sa breed mooglike skoallen yn Akkrum, Grou
ensfh. It resultaat fan it ûndersyk fan WagenaarHoes kloppet op haadlinen aardich. Sy stelle dat
Boarnsterhim nea in ienheid west hat sûnt 1984. De trije gemeenten woene net by de stêd en sa
ûntstie dizze gemeente. It hat konsekwinsjes hén yn de beslútfoarming en de gearwurking tusken
it kolleezje en de rie hat net altyd optimaal west. Dat hat in soad jild koste, mei fanwege de
ynhier fan eksterne minsken. Boarnsterhim hie by de start al in achterstén dy't de gemeente nea
fuortwurke hat. It duorret no hiel lang om der wer boppe-op te kommen. Elk dy't tinkt dat it oars
kin is te opportunistysk neffens it CDA. It skrappen yn foarsjennings fynt de partij in te hege
priis.
De hear Riemersma freget de hear Zijlstra, as we al weryndiele, oft er tinkt dat alle ellinde dy't er
sketst oan ús foarby giet? Tinkt er dat de buorgemeenten de tekoarten wol betelje?
Pagina 11