De hear Zijlstra ferwachtet dat de artikel 12-status de proseduere fan weryndieling fersnelle kin.
De oprop fan it CDA oan it kolleezje is om mei de deputearren nei Den Haach te gean en dêr in
goed petear te hâlden. En soargje derfoar dat it rapper giet as fjouwer, fiif jier, seit de sprekker.
De hear Riemersma seit dat wethâlder Van Beek seit dat by de artikel 12-status ek sûnder
weryndieling it in bedrach ynienen wêze kin of dat it útsmard wurdt.
De hear Zijlstra seit dat at je it foarútsjoch ha dat der weryndield wurdt, dat is it Ryk gauwer nige
om de saak rapper óf te hanneljen mei hegere bedraggen yniennen. It CDA fynt net dat wy ús
ynwenners dy hege priis betelje litte moatte en noch langer te wachtsjen. De partij wachtet it
foarstel fan 1 5 desimber óf.
De hear Seldenrust merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Zijlstra blykber sa gau mooglik nei in
weryndieling ta wol. Yn it rapport WagenaarHoes binne trije opsjes neamd. Giet de hear Zijlstra
foar opsje 3?
De hear Zijlstra seit dat it de opsje fan weryndieling is.
De hear Seldenrust merkt op dat dan in ferdieling plakfine sil op basis fan natuerlike grinzen fan
byg. it Prinses Margrietkanaal.
De hear Zijlstra seit dat hoe't it der fierder út komt te sjen ek ófhinget fan de quickscan dy't it
kolleezje dwaan sil.
De hear Seldenrust seit dat de hear Zijlstra oanjûn hat dat de ynwenners it noch swier krije mei
alle lesten dy't derby komme. Is it him dan ek bekend dat Onder ús kanaal mei in mooglike
weryndieling mei It Hearrenfean dat dy gemeente der ek net sa goed foarstiet en dat dy
ynwenners júst in noch folie swierdere domper te ferwurkjen krije?
De hear Zijlstra seit dat er nijsgjirrich is nei de útkomsten fan de quickscan.
De hear Hemminga freget wêrop't de hear Seldenrust it argumint fan de buorgemeente basearret.
De hear Seldenrust antwurdet dat it in publyk geheim is dat de gemeente It Hearrenfean ek
neidat der aanst út it gemeentefûns minder jild komme sil, behoarlik finansjele swierrichheden
hat.
De hear Hemminga freget oft dat net foar alle gemeenten jildt.
De hear Seldenrust is it mei him iens, mar seit dat der gemeenten binne dy't der better foarstean
as It Hearrenfean.
De hear Hemminga seit dat er dan graach konkrete sifers ha wol fan dy gemeenten, foardat dit
as argumint brûkt wurdt.
De hear Zijlstra seit dat it CDA de resultaten fan it Ondersyk fan it kolleezje ófwachtet en op 15
desimber it beslút nimme sil foar weryndieling.
De hear Bouma merkt op dat wêr't wy hinne moatte, noch net hielendal dúdlik is. Alle doarpen
ha oanjûn wêr't se hinne wolle. Miskien moat dêr dan de rezjy fan de provinsje by komme. De
kommende perioade wurdt útsocht wat de winsken binne by de oare gemeenten. De VVD
wachtet dat mei spanning óf. De partij tinkt dat we nei de takomstige partners in goed
Onderhannelingstrajekt ynsette moatte. We ha as gemeente ek wat te bieden. We ha in
strategyske lizzing tusken Ljouwert en It Hearrenfean en dat moatte we benutte kinne. De artikel
12-perioade jout noch ûndúdlikheid. De boargemaster seit dat it fiif jier duorje kin, op de jûnen
waard sein dat it miskien trije jier duorje kin. Dêr moat dochs helderheid oer komme, fynt de
sprekker.
De voorzitter merkt op dat de periode nu vijf jaar is. Er zijn een aantal bedreigingen, dus je kunt
niet uitsluiten dat het nog één of twee jaar langer zal duren. We kunnen ook proberen tot een
propositie te komen dat het sneller gaat en de zaak naar voren gaat halen. Maar daar kunnen we
nu geen garanties over geven.
De hear Bouma seit dat er hopet dat de perioade sa koart mooglik duorret. It CDA hat sein dat it
yn twa jier moat kinne, mar dat liket him in utopy. Ynsprekker Wiersma sei dat je miskien net
fuortdaliks weryndiele moatte mei Ljouwert, mar moatte we earst in perioade fan frijaazje
oangean. Hy seit dat de VVD der gjin ferlet fan hie om nei de gearkomste fan de ófdieling
finânsjes. De partij wyt likernóch wol hoe't de flagge derby hinget. En frou Veldstra sei dat der
Pagina 12