riedsferkiezings op 3 maart freegje. Dan hearre jimme de miening fan sawat 75 fan ús
ynwenners. Mar dat hoeft tink net want jim witte it al.
Allinne as ynwenners, 1 kear yn de fjouwer jier, feroarje yn kiezers dan skynt har
miening foar bestjoerders interessant te wurden.
Sa hellet it CDA al geregeld de krante mei in stikje bliid boadskip", foar de ferkiezings
fan takom jier. Mar ik hie leaver dat it CDA my fertelde hoe't har wethâlder safolle jild
fergrieme koe oan skoallen en wêrt de 12 prosint OZB ferheging, betelle troch ús en
ornearre foar it fytspaad nei Warten, bedarre is. Dat soe ik as kiezer graach ris fan it
CDA hearre wolle.
Ek de P.v.d.A. hat fansels al wer pland wanneart de roazen útdeeld wurde moatte want
ja kiezers der moat je foar yn 't spier.
Mar Boarnsterhim, en de ynwenners dêrfan dy't se sizze te fertsjintwurdigjen, op te
delen liket hjir syn beslach te krijen sûnder dizze kiezers te freegjen wat se dêrfan fine.
Se sitte op har stoel as folksfertsjintwurdigers mar dêr liket it net op. Se betochten in
trajekt wer't se seis de útkomst, fan't simmer faaks al, fan wisten. Net ien skynt
belang by de miening fan de ynwenners te hawwen. Tige ûndemokratys. Sa bliuwt
Boarnsterhim in gemeente wert de sinne foar de ynwenners mar net skinen giet.
Hepke Hiemstra
Stationsweg 20
Grou
til: 0566 622051