net noch in referindum oan fêst. As earste wol de partij net langer wachtsje op in beslút. Dêrby
komt dat in referindum net de wei is om der achter te kommen wat der libbet. Ek sit it risiko
deryn dat je in fraachstik simplifisearje en isolearje. It is dreech om in dúdlike en folsleine
fraachstelling op te stellen dy't allinnich mei ja of nee beäntwurde wurde kin. De fraach fan frou
Veldstra wie al net in goede, fynt er. As in mearderheid dêr nee op antwurdet, dan kin dat ek
betsjutte dat it de minsken net rap genôch giet of dat minsken op in termyn fan seis jier
weryndiele wolle. In referindum hat in fertraagjend en konservearjend effekt, fynt it CDA. Hoe
langer we wachtsje hoe langer it duorret foar't we foarút sjen kinne. By in referindum kin ek in
aksjegroep de swijende mearderheid syn wil oplizze. En der is it risiko dat der feitlik net stimd
wurdt by in referindum op in fraachstelling, mar yndirekt op in persoan of op in partij.
De hear Seldenrust freget - by ynterrupsje - oan de heer Zijlstra at dat betsjut dat hy in totaal
referindum oer hokker Onderwerp dan ek mar benammen oer de weryndieling nea akseptearje sil
yn dizze gearsetting. Dat soe ynhâlde dat in referindum dy't bedoeld is om fan Onderen op de
minsken de gelegenheid te jaan om har stimmen hearre te litten, troch it CDA hielendal ôfwiisd
wurdt.
De hear Zijlstra seit dat der in soad neidielen kleevje oan in referindum en dat der net folie
fraachstikken geskikt binne foar in referindum. It CDA nimt 15 desimber in beslút mei de
ynformaasje dy't der no leit.
Frou Veldstra merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Zijlstra sein hat akkoart te gean mei it
beslút te nimmen op 15 desimber. It kolleezje sit hjir jûn om te harkjen nei alle partijen yn dizze
rie. Dy lûkt har konklúzje dêrút en mei in útstel komme nei de rie. Wy wite op it stuit noch net
hoe't dat Otstel wêze sil. Hoe kin de hear Zijlstra it no al iens wêze mei wat der no ferteld wurdt?
De hear Zijlstra seit dat Os tasein is dat der foar de 15e in Otstel komt. Hy hat begrepen dat it
foarstel fan it kolleezje al yn tarieding is en net sa sear ôfhinklik is fan wat der fannejûn sein
wurdt.
Frou Veldstra seit dat we dan wol nei hûs gean kinne.
De hear Zijlstra freget frou Veldstra oft sy der ek fanút giet dat der de 1 5® in foarstel leit.
De hear Van der Woude seit dat wy ek wol wisten dat der yn twa wike in Otstel lizze soe. Dat
wie gjin nijs.
De hear Zijlstra jout oan dat der in foarstel komt en dat it CDA dêr dan in miening oer hat.
De hear Seldenrust seit dat de hear Zijlstra krekt sei akkoart te wêzen, mar dat er no seit dat er
sjocht wat it foarstel is. We wite allegear wol dat it foarstel der komt, mar we wite net wat der
yn komt te stean. Wat wyt de hear Zijlstra wat der yn komt te stean, dat er no al de konklúzje
lûke kin dat er it der mei iens is.
De hear Zijlstra seit dat it de 1 5® oer de takomst fan Boarnsterhim giet, de gemeente opdiele of
net.
De hear Bouma seit dat we noch net wite hoe't it derút komt te sjen, mar dat it feroarje wurde
moat is dúdlik. De VVD niget nei opheffe. De partij hie de yndruk dat it rapport WagenaarHoes as
brekizer brûkt wurde soe. We moatte earst Os goede ferstân brûke en dan yn it rapport sjen wat
we miskien oer de holle sjogge, fynt de sprekker. Nut, needsaak en snelheid om te kommen ta in
oare weryndieling fan Boarnsterhim en in oare takomst is foar de VVD-fraksje helder. De
ynsprekjûnen binne goed ferrûn en elk hat syn sechje dwaan kinnen. We ha ek in soad léze
kinnen yn de kranten en dêr wurdt it op himsels net echt makliker fan. We moatte net Otslute dat
in part fan dizze rie aanst weromkomt yn de nije rie. Der wurdt sein dat it net yn dizze perioade
besluten wurde moat. Der barre lykwols altyd saken dy't je fan te foaren net foarsjen kinne en
dan moat der in beslút oer nommen wurde. It oer de riedsferkiezings hinne tillen biedt neffens de
VVD gjin soelaas. De partij fynt dat it proses helder Oteinset is en dat der in stik belutsenens
toand is troch de befolking. Der binne in soad saken nei foaren ta brocht en dan moatte je as rie
in kar meitsje. In mearderheid fan de ynsprekkers fannejûn seit dat we opheffe moatte. De VVD
tinkt dat dêr in bepaalde rjochting yn sit en is dêr net Ongefoelich foar, los fan de eigen miening.
Hoe't it fierder útwurke wurde moat is hiel ûnwis. Alle doarpen ha har winsken en it wurdt in
hiele toer om dat goed yn te foljen. Moatte wy as ien gemeente nei in oare gemeente of moatte
Pagina 7