we alles oan de doarpen honorearje? Hy tinkt dat dat net kin yn it ramt fan de 10% regel by
weryndieling. De needsaak foar weryndieling sit yn de bestjoerskrêft en de finansjele situaasje
fan de gemeente. Dêrom is it needsaaklik om no in beslút te nimmen, fynt de VVD en net nei de
ferkiezings. De ferskate oare gemeenten wolle in part fan ús gemeente ha. Hoe gean we dêrmei
om? We moatte earst dúdlik ha wat we seis wolle en sjen wat oare gemeenten foar ús betsjutte
kinne. We moatte ek sjen nei de sterke punten fan Boarnsterhim en besykje dêr sa folie mooglik
út te sleepjen yn de ûnderhannelings. De keunst is om der sterker út te kommen, fynt de VVD. In
ynsprekker yn Wergea hat sein dat Wergea, Warten en Warstiens by inoar bliuwe moatte. Dat is
neffens de VVD ek in goede saak en dat hâldt ek yn dat it natuergebiet de Alde Feanen derby
bliuwe moat.
De hear Seldenrust hat in fraach oan de hear Bouma. We ha fannejûn nochal wat ynsprekkers
hân, út organisaasjes en op persoanlike titel. Dochs docht bliken dat it hast 50/50 is fan de
mienings, wêrby't de ien seit sa gau mooglik, op de 15e in beslút nimme om it proses net te
fersteuren en sa gau mooglik weryndiele. De oare 50% wol dêrmei wachtsje en dat oer 3 maart
hinne tille. De hear Bouma hat sein dat de VVD wol dat der op 15 desimber sa gau mooglik in
beslút komt. Dan nimt de partij dus net de oare 50% serieus.
De hear Bouma seit dat syn ynterpretaasje is dat it net 50/50 is, mar 70/30. In dúdlike
mearderheid seit opheffe.
De hear Seldenrust seit dat it neffens him wol 50/50 is.
De hear Bouma giet dêr even yn mei. De VVD hat lykwols ek in eigen miening en it grutste part
fan de achterban seit dat weryndieling de béste opsje is. Neffens him is de mearderheid, 60%
fan de ynsprekkers, foar opheffe. De VVD is dus foar weryndieling mei in tal betingsten. Dan
kinne we der sterker útkomme, seit de sprekker. It duorret noch in tal jierren foar't we fan de
artikel 12-status óf binne. Hy wol de opdracht meijaan oan it kolleezje om it proses yn te gean
mei sa folie mooglik striidkrêft. Utstel hat net folie sin, want we moatte net oan de sydkant
êfwachtsje.
De hear Hemminga merkt op dat we as rie besluten ha om 15 desimber in útspraak te dwaan.
Dêrfoar is in proses yn gong set om de befolking te rieplachtsjen. GB2000 konstatearret dat der
in goede proseduere folge is wêrby't elk folop de gelegenheid hân hat om har miening te jaan. De
mienings dy't út de ynspraak nei foaren kommen binne, binne nochal ferskaat. De riedsleden
moatte dy êfweagje om úteinlik de goede kar te meitsjen. It hat gjin sin om de beslútfoarming op
te skowen, fynt de partij. GB2000 fynt dat der mear as genêch ynformaasje op tafel leit om in
kar te meitsjen foar selsstannichheid of weryndieling. Grûnslach foar de kar is de bestjoerlike en
finansjele problematyk fan de gemeente en de Ontwikkeling fan de gemeenten om ús hinne. De
partij wol net al te folie enerzjy stekke yn it praten oer de oarsaken. Hy hat seis de weryndieling
yn 1984 as riedslid meimakke. Doe rûnen de emoasjes heech op. Elke gemeente woe
selsstannich bliuwe. We ha meimakke dat Akkrum de status ferlern hat as haadplak en dêrfoar
hat Aldeboarn de status ferlern. Mei-oarsaak foar de heftige emoasjes wie ek dat de weryndieling
fan boppe-êf diktearre wie. De foarming fan Boarnsterhim wie in restkeuze, aldus de sprekker. De
trije gemeenten dy't Boarnsterhim foarme ha, wiene gjin rike gemeenten mar ek gjin artikel 1 2-
gemeenten. Der binne noch altyd in tal strukturele kosteposten dy't dêrfoar soargje dat de
gemeente mei muoite de begruttings slutend meitsje kin. Dat hat te krijen mei Ryksbelied. It CDA
hat sein dat we foar jild mar nei Den Haach gean moatte, mar sa wurket it net, seit de sprekker.
De hear Zijlstra merkt - by ynterrupsje - op dat er him net werinnerje kin dat er dat sa sein hat.
Hy hat sein dat by in eventueel weryndielingsbeslút dat miskien de som jild fergrutsje kin en it
tempo fan de artikel 12-status fersnelle kin.
De hear Hemminga seit dat we foar foarsjennings, lykas in fytspaad mar nei Den Haach gean
moatte om dêr jild op te heljen.
De hear Zijlstra seit dat it CDA dat neffens him keppele hat oan de stedsregio.
De hear Hemminga seit dat it boadskip fanút Den Haach is dat wy mear taken krije op it boardsje
fan de gemeente en dat der minder jild beskikber is. Oer de léste tsien jier seit er dat we net de
bestjoerders mei kwaliteit hân ha, benammen op finansjeel gebiet. Der wiene te hege ambysjes.
Pagina 8